20

Tusken tsjerke en kroech VI Mantgumer en oar talint op 1 april te sjen en te hearren! Foar de seisde kear organisearret toanielferiening Frisia dit jier "Tusken tsjerke en kroech", ús tocht lâns allerhande kulturele aktiviteiten op njoggen ferskillende lokaasjes. Dit jier ûnderweis gjin iterij, dat dogge wy yn 'e Wjukken, wy hawwe besocht der in ferrassend program fan te meitsjen! Neffens tradysje is de ynrin om healwei fiven yn 'e tsjerke en dan begjinne wy stipt om fiif oere, mei de groep "Olivetti", in tal muzikanten dy’t harren stoarten hawwe op it bettere Nederlânstalige repertoire fan ûnder oaren Drs. P. Lennaert Nijgh, Annie M.G. Schmidt, mei de muzyk fan Boudewijn de Groot en Harrie Bannink. Ek sjonge se in tal Jiddyske lieten. Olivetti bestiet út Janny Kok, Roelof Veldhuizen en Baukje Hoogstins, de lêste makke ek de bewurkingen fan ’e muzyk; Oeds Wijnsma fersoarget de begelieding op ‘e piano. Dêrnei geane wy nei de Wjukken foar in miel iten, al of net streksum. Om sân oere steane de groepen klear om op paad te gean en om kertier oer sânen begjinne wy mei it earste ûnderdiel op lokaasje. 18 Mandeguod

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication