21

Jimme kinne neffens fertroude formule wer trije rûtes by del en yn eltse rûte sit wer genôch ferskaat: De Griene rûte: Toaniel: "Boerlesk" troch Dayna en Lucinda. Trees en Sjaantsje bebuorkje mei har beiden in pleats. Net botte lokkich yn ‘e leafde, in kwesje fan ferkearde mannen en sa. Nee, yn ‘e leafde net lokkich en no’t se de magyske grins fan fyftich al foarbij binne sykje se de wiere leafde yn har libben. Mar ja, it fersieren fan in man giet harren net sa handich ôf, wat se ek besykje. En ja, dan rekket op in stuit it geduld op.. Muzyk: "Hansl": dit duo wurdt foarme troch Egbert Menger en Roelof Veldhuizen, se spylje mei har beiden Dútstalige en Jiddyske ferskes, faak mei in maatskippijkrityske ûndertoan, tradisjonele en ek nije. Fryslân literêr mei muzyk: Berneboekeskriuwer Thys Wadman en ús Mantgumer Rely-winners Henk Nijp en Tsjitske van der Meer lêze foar út eigen wurk, ôfwiksele en oanfuld mei muzyk fan ’e ferneamde formaasje “Cajun Beano” út Koudum. De Giele rûte: Toaniel: "Hjerst": Baukje Stavinga en Jelle Terwal foarmje de teatergroep Fjoer, en se spylje in part fan harren ienakter ‘Hjerst’. It stik giet oer in âlder echtpear dat elk jier harren hjerstfakânsje trochbringt yn itselde húske. Muzyk: "De Bachfabryk": yn it gesin fan' e âlde Bach waard troch heit en fjouwer soannen safolle muzyk produsearre, it is soms net mear nei te gean wa't in bepaald stik no skreaun hat! Jet van Leeuwen en Liuwe van der Meer op flauto traverso en fortepiano litte hearre wat dêrfan it resultaat is. Mandeguod 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication