4 Mandeguod Deis foar de gemeenteriedsferkiezings stie der in deprimearjend cartoon yn de Ljouwerter Krante. In echtpear yn petear mei in tredde persoan. Mefrou seit: “Ach, stemmen…!” Werop’t hubby ferfolget: “Waar is het goed voor…?” De tredde persoan jout antwurd: “…vindt Poetin óók!” Op sa’n stuit bekrûpt my it gefoel dat sommige minsken hjir yn ús lân wol ris wat tè maklik oer frijheid tinke. En fansels, frijheid foar de ien giet net fierder as de frijheid fan de oar. Mar dat wy hjir oant op sekere hichte dwaan en litte kinne wat je graach wolle, stiet yn skril kontrast mei in lân hjir net iens sa fier ôf. Dat ús frijheid ek tige kwetsber is, wurdt dan akelich dúdlik. In pear jier lyn wie der in iepen dei yn de BB-bunker yn Grou. In relikwy fan de Kâlde Oarloch. Dat ús Trevor en ik der op ta. Trevor (1986) seach him lykwols de eagen út ‘e holle: it fenomeen fan de kâlde oarloch hie hy net dúdlik op syn netflues stean. En foar my (babyboomer) wie it ek in hiel ynteressant gebou. Mar ja, de reden fan de bou fan al dy bunkers en ek fan ferskate útkyktuorren yn Fryslân hiene har oarsprong yn in tiid sa as no: driigjende oarloch. En dan geane de kâlde grillen je dochs oer de rêch. Litte we hoopje dat de wrâld der oer in wike as wat wer freonliker útsjocht. Dat de driigjende situaasje yn Oekraïne ek de Mantgumers net kâld lit docht wol bliken út bygelyks de aksje fan Akke Fopma dy’t har doarpsgenoaten oantrune om in bernerêchtaske te donearjen, mei dêr yn wat dingen dêr’t in bern wat treast by fine kin. Ut hiel Fryslân wei binne sokke taskes nei de grins fan Oekraïne gongen. As lyts doarp kinne je dochs noch moaie dingen dwaan foar in oar. Prakkesaasjes fan de redaksje
5 Online Touch Home