59

april 2022 59 Wat hinget der by dy oan ‘e muorre? Oan ‘e muorre haw ik moaie dingen dy ‘t ik krigen haw fan moaie minsken. at ik meihelpe woe om it ôfskied te organisearjen. As tank krige ik in board fan Makkumer ierdewurk, dat Hotze krigen hie doe ‘t hy ta “Keatser fan de Ieu” keazen waard. It is in unike priis, der is mar ien fan. Oait giet it board nei it Keatsmuseum. De tekening dy ‘t Tineke Meinsma – mei har haw ik wenne oan de Skillaerderdyk – foar my makke, foar it omslach fan myn boekje “Foar in kleurryk Fryslân,” oer de striid tsjin fassisme, rasisme en seksisme, yn de jierren santich en tachtich. In prachtige tekening oer in prachtige tiid. Yn dy tiid haw ik trije mannen, mannen út ien stik, kennen leard en wy foarmje no noch hyltyd in lêsklub. De striid tsjin diskriminaasje is ien fan myn passys. Keatsen is in twadde. Ik mocht Hotze Schuil faak ynterviewe. Gauris yn Hotze syn stamkroech. Hotze oan ‘e jonge, ik in kolaatsje. Ien kear ha ‘k mei him opdronken – dat wie net sa ferstannich. Hotze stapte nei it petear op syn fyts en ried kearsrjocht nei hûs, ik bin zigzagjend nei de bus rûn. Doe ‘t Hotze stoar fregen syn dochters By dat board fan Hotze hinget in lyts keatsmofke. Dat hat Johannes Brandsma, dy oare keatsgigant, foar my makke. Johannes hie my sprekken heard by ‘t it ôfskied fan Johannes van Dijk, dy fierste betiid ferstoarne prachtkeatser. →

60 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication