68 Mandeguod De Mantgumer Muzikant Tekst: Femke Hottinga In deze rubriek leren we de muzikanten uit Mantgum kennen. Want muziek leeft, ook in Mantgum! Zoals het een echte muzikant betaamt mailde Liuwe: “Kom mar nei Podium Witteman! 19.15 oere, soksawat.” Zo gezegd zo gedaan, na Podium Witteman stap ik bij Liuwe van der Meer binnen. Kun je wat over jezelf en je muzikale achtergrond vertellen? “Ik kom út Reduzum, ús heit wie dêr it haad fan de skoalle. Myn pake fûn it op de ien of oare manier belangryk dat syn soannen muzykles krigen. Sa krige ús heit al betiid oargelles fan Rients Beintema, hy wie de oargelist fan de Koepeltsjerke yn ’e jierren tritich. Dat wie in hiel djoere bedoening, it koste hast in kwart fan it wyklean fan pake. Werom at pake dat no sa graach woe dat wit ik net, maar ús heit woe it ek wol graach. Us heit wie ek oargelist en doe’t ik 8 jier wie krige ik, lyk as myn broer en suster, myn earste lessen op it harmoanium. Dat ha’k fjouwer jier dien, doe wie ik 12 en gong ik nei de middelbere skoalle. Doe hie ik ûndertusken de fioele fan ús pake krigen. Doe haw ik seis jier fioeleles hân yn Snits. Nei seis jier kinst dan wol in mopke spylje. Dat is yn it koart eins myn opleiding yn ’e muzyk. Folle letter, yn ’e jierren ’70/’80 haw ik noch wol wat klavesimbellessen hân yn Snits, fan Folkert Binnema en letter fan Edy Hoekema yn Grou.” Dus de viool werd uiteindelijk jouw instrument? “Ja, dat wie wol myn ynstrumint. Mar ja, ik wie natuerlik in learling op de middelbere skoalle, en dan hast in baantsje nedich. Doe koe ik ynfalle op sommige plakken om oargel te spyljen. Fan myn 16e ôf haw ik de toetsen dus wer wat oppakt, mar ik hie gjin les. Sûnt ûngefear myn 22e haw ik dat wol dien.” Heb je ook in orkesten gespeeld? “Doe’t ik op de middelbere skoalle siet, kaam ik mei de fioele yn it Snitser Jeugdorkest. Dat fûn ik geweldich, symfonieën spylje, prachtich. Ik siet dêr ek yn in stimulearjende omjouwing mei allegear muzikanten om my hinne. Letter haw ik ek noch yn it Frysk Keamer Orkest spile, mei altfioele. De grepen binne der wat oars as by in fioele, it ynstrumint is wat grutter, dus de grepen sitte wat fierder út elkoar. Moatst de muzyk ek yn in oare sleutel lêze.”
69 Online Touch Home