72

72 Mandeguod Stifting De Beweging Yn de maaiefakânsje spilet Stifting De Beweging “De Molkwei” yn Jorwert. De Molkwei is in meidûnsfoarstelling foar beukers dy’t spilet op de buorkerij. De foarstelling giet oer Taury, Har namme betsjut ‘ko’ yn it Latyn en dat is hiel spesjaal fynt Taury. Sa spesjaal dat Taury besletten hat om letter in ko te wurden. At hja in ko is sil se krekt as har bêste freondinne Jantsje 93 ek in miggeklapper (in sturt), in lange tonge – handich foar ast in snotnoas hast – en fan dy moaie giele earbellen nimme. Wat moatst einliks allegear kinne ast in ko wurdst? Taury hat wol 1000 fragen. Wat yt in ko? Poept in ko ek? Wat kinst mei molke? Is molke lekker? Is in ko gefaarlik? Dûnsjendewei nimt Taury de beukers oer it hiem fan de buorkerij mei. Mei elkoar gean se troch te priuwen, fielen, rûken en dwaan op syk nei de antwurden op Taury har fragen. En komme se der achter ofst eins wol ko wurde kinst. De foarstelling spilet tusken 26 april en 7 maaie. Tip: Lûk learzens oan en klean dy’t smoarch wurde meie! De Molkwei wurdt yn it Frysk en Nederlânsk spile. Kaartjes fia tryater.frl/programma/ demolkwei/ Yn 2021 hat Stifting De Beweging oan famylje Rodenhuis frege oft hja in beukerfoarstelling ûntwikkelje meie op harren buorkerij. Net samar in foarstelling mar in meidûnsfoarstelling oer molke en kij: De Molkwei (of de hollânske ferzje: De Melkweg). Yn 2021 sieten hja yn it Kultuurmenu fan Schoolkade en dit skoaljier meie hja spylje foar Schoolkade, NME Mar&Klif, Waadhoeke en NME De Klyster. De foarstelling wurdt goed ûntfongen en ek fan oer de provinsjegrins is ynteresse!

73 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication