Tusken tsjerke en kroech nûmer 4 It begjint sa njonkenlytsen tradysje te wurden dat toanielferiening Frisia dizze formule foar it fuotljocht bringt. De belangstelling foar de jierlikse min as mear tradysjonele útfierings wie tanende en it bestjoer wie fan betinken dat de beakens ferset wurden moasten. As jo hjir en dêr de opteinens fan it publyk te hearen krije docht wol bliken dat it bestjoer in tal jierren tebek in boppeslach makke hat. Ek dit jier wie der wer in breed ferskaat oan optredens, fan toaniel, kabaret, muzyk yn meardere foarmen en net te ferjitten it belûken fan de jongerein by it barren. Sy binne ommers de toanielspilers fan de takomst. Om mar mei de jeugd te begjinnen: better kin sein wurde dat se yn feite al toanielspilers binne. En hoe. Wat se sjen lieten by “In frjemde fûgel” wie fan grutte klasse. Hjir en dêr wie te belústerjen dat se mei sa'n optreden net misstean soene op Oeral. As dat net in komplimint is!!! It begjin fan it hiele barren wie, sa't ek de titel oanjout, yn tsjerke mei in ienakter spile troch fjouwer froulju út Grou. Foar in grôtfolle tsjerke spilen sy “Dus hy sûpte”, in stik skreaun en regissearre troch Anja Steegstra. Om seis oere hinne wie it tiid om meielkoar yn de Wjukken oan it miel te gean. Sa as wênst lieten wer in tal itensierders/sters harren sublime kulinêre kreaasjes tige goed smeitsje troch de roppige gasten. De kar oan iten wie grut, fan Meksikaans oant Sjinees oant stampot boerekoal, alles wie der. Doe wie it tiid om op te splitsen yn groepkes en ûnder lieding fan in gids ien fan de rûtes te folgjen. By de oanjefte om mei te dwaan moatte jo al in kar meitsje: kies ik foar blau of dochs mar de reade rûte of... Omdat alle programma's it besjen en beharkjen mear as wurdich binne sitte je dan mei in dilemma. Fan meardere kanten wie te hearren: Utsein it begjin yn tsjerke soe itselde programma in oar jier wol wer útfierd wurde kinne. In alternatyf soe ek wêze kinne om twa jûnen te spyljen om sa it publyk de gelegenheid te jaan om it grutste part fan itjinge dat fertoand wurdt sjen te kinnen. Sa belibbe ik it winliken ek. As jo dan by de neisit yn de Wjukken fan oaren te hearen krije hoe't se harren by in bepaald optreden ta de teannen út fermakke hawwe of djip ûnder de yndruk wiene fan bygelyks in muzikaal optreden dan hiene jo dat sels ek wol ûndergean wollen. Dat wol net sizze dat de ûnderdielen dy't jo sels besocht hawwe minder wêze soene, perfoast net. Tsjinwurdich wurdt rûnom en soms te pas en te ûnpas it wurd Mienskip brûkt. Mar wat de Mantgumers hjir meielkoar berikke is neffens my de ultime foarm van MIENSKIP. Grutte wurdearring is op syn plak foar de organisaasje fan it gehiel, mar ek foar al dy meiwurkers, foar de minsken dy't harren romte beskikber steld hawwe en ek de itensieders. mei 2015 Mandeguod 9
12 Online Touch Home