12

Nei myn betinken foelen alle puzelstikjes op syn plak. Sels it waar wurke tige mei, wie it om fjouwer oere hinne noch ridlik wiet, tsjin fiven wiene de waargoaden ús tige tagedien. Mar wat wolle jo ek as jo yn tsjerke begjinne! Ut namme fan de besikers winskje ik Frisia no al fêst sterkte by de tarieding fan it earste lustrum. Siebolt Dijkstra Tusken tsjerke en kroech heart by Mantgum! Sneon 11 april is’t safier: spilers en artysten, itensieders, gidsen, lokaasjehâlders, lotteferkeaper en regelder fan kaartferkeap en lotterij, itenskoördinator, frijwilligers fan De Wjukken, it bestjoer en fansels de besikers, de dielnimmers: jimme dus binne der klear foar. Mei syn allen nei it begjinpunt: byinoar komme yn de Mantgumer tsjerke dy’t grôtfol sit. Dan mei de hiele ploech nei ús doarpshûs ta om meiinoar te iten: wol tweintich waarmhâldbakken steane klear en de itensieders steane klear om ús it iten op te skeppen: fantastysk! Wat in gesellige sfear hinget der yn it doarpshûs en wat smakket it iten hearlik! Dan, wapene mei in lekkere appel op wei nei de lokaasjes: nei Lyts Kanaän, nei in garaazje, nei in oefenrûmte fan de fysioterapy, de boppeseal fan it kafee, de tsjerke, in skuorre, in dokterswachtkeamer, in wenkeamer en nòch in wenkeamer… Wat dogge de spilers en artysten harren bêst en wat litte se geweldige foarstellings sjen. Wat binne de gasthearen en gastfroulju allemachtich gastfrij om ús te ûntfangen. Neitiid werom nei de Wjukken om te praten oer wat wy sjoen ha en te fertellen hoe’t it wie…en wy kinne as bestjoer allinne mar sizze: geweldich betanke foar jimme ynset! Wy binne hiel bliid mei ús kollega’s fan de cultuurcommissie dy’t noch in nijsbrief omstjoerd hawwe mei ús aktiviteit: hulde!! Graach sjogge wy jimme oare jier wer op ús lustrum-edysje fan Tusken tsjerke en kroech! En as it heal kin sjogge wy jim ek graach op de jiergearkomsten fan Frisia om ús te helpen nije plannen te betinken, lid of gjin lid: fan herte wolkom op tiisdei 12 maaie oansteande. Bestjoer Frisia 10 Mandeguod mei 2015

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication