Gâns wat om it liif. Ien fan de froulju hie thús noch oan har man frege oft er ek mei woe. “Nou”, hied er grapjage, “alleen maar als ze úít de kleren gaan! Maar dat gaat vast niet gebeuren!” Hy hie gelyk: it gong dy jûns oer de bytiden wol fjouwer lagen rokken dy’t de froulju eartiids droegen. Alle jierren besiket de Kultuerkommisje in ôfwikseljend program yn De Wjukken te realisearjen, dat sadwaande hold Margriet Keizer fan de Kostúm Kommisje Fryslân op 6 april in nijsgjirrich ferhaal oer klean en drachten yn de lêste pear iuwen. En yndie, it publyk bestie út allegear froulju, op ien man nei. Plus de twa manlju dy’t ‘ambtshalve’ foar de Kultuerkommisje yn it spier wiene… Margriet Keizer begûn mei in stikmannich plaatsjes fan de útwrydske klean fan inkele manlju (ja, kloppet, út de hegere klasse) fan om-ende-by 1600, it wiene allegear strikken en rûsels. Fansels woe de keunster dy’t de man yn kwestje skildere der wat moais fan meitsje en sadwaande waard der doe ek al fotoshopt. Want sieten de hoazzen op it skilderij kreas strak om ‘e kûten, yn it echt sil it aardich slobbere ha: elastyk wie noch net útfûn, en it spul moast mei linten en strikken te plak holden wurde. De froulju koene der yn dy tiid ek wol wat mei: fjouwer lagen ûnder- en bopperokken wie gjin útsûndering. Mar och, moatst it ek yn dy tiid pleatse. It begûn al mei de enoarme ûnderhimden. Unbidige weefde linnense himden. It kaam de drager bytiden oan de knibbels ta. In probleem wie dat lykwols net: it sparre ommers faak in ûnderbroek út. Hawwe wy tsjintwurdich in kreas elastiken direktoirke ta ús geriif, dat wie in pear iuwen lyn gâns dreger. 24 Mandeguod
27 Online Touch Home