10

vlnr: Pien van Eerde, Jente Dirk Heddema, Tara de Puijsselaar, Sanne de Heer Mantgumer bern yn it Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum Jimme witte fansels al dat yn Mantgum jong toanieltalint op it stuit hiel hurd oan it groeien is: Jente Dirk Heddema, Pien van Eerde, Sanne de Heer en Tara de Puijsselaar dogge dit jier mei oan it Berne-Iepenloftspul yn Easterwierrum. Tegearre mei noch tritich oare bern oefenje sy moannelang, twa kear yn 'e wike, oan in nij stik, spesjaal foar dit jier skreaun troch Peter Sijbenga, mei de titel De Geast Fan Spultsjelittens. Der binne seis foarstellings yn juny; de premjère is op 16 juny. De kaartferkeap giet 16 april los op www.berneiepenloftspul.nl. Op 'e site fine jimme mear ynformaasje en foto's. Hjir stelle de bern út Mantgum - dy’t meidogge oan it berne-iepenloftspul - har sels efkes foar: 8 Mandeguod

11 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication