11

1. Wa bist do? Ik bin Jente Dirk Heddema en bin berne en opgroeid yn Mantgum. Ik wenje op it Spyk mei myn âlders en broer Rudmer. Nei welke skoalle giest en yn welke klas sitst do? No gean ik nei de Gielguorde yn Mantgum en ik sit yn groep 8. Hjirnei gean ik nei it Comenius te Ljouwert. Sprekst en skriuwst neist it Nederlânsk ek yn it Frysk? It Frysk kin ik wol goed prate en lêze, mar it skriuwen is dreger. Hoe bist by it “berne-iepenloftspul” kommen? Ik ha it berne-iepenloftspul in pear kear sjoen en doe ha ik my fia skoalle opjûn. Hast ek noch oare leafhebberijen neist it toanielspyljen en welke bin dat dan? Graach help ik mei op de pleats fan famylje Kamphorst ticht by Dearsum. Ik bin der kaam omdat Boukje Kuipers ferkearing hat mei soan Leo. It fuotbaljen by VV Oosterlitters yn de D2 fyn ik ek machtich moai. Dochtst ek wat oan muzyk, bespilest in ynstrumint? En welke muzyk fynst moai? Ik spylje gitaar, allinne is dat no mei BIS wat minder. Ik krij hjirfoar les fan Sytse Haaima út Weidum. Ik hâld tige fan de hits út 2016 en fan dancemuzyk. Wolst oars ek noch wat fertelle? Oars ha ik neat te fertellen. 2. Wa bist do? Ik bin Sanne de Heer en wenje yn Mantgum mei myn âlders. Ik ha altyd yn Mantgum wenne. Nei welke skoalle giest en yn welke klas sitst do? Ik gean op skoalle de Gielguorde fan Mantgum en sit yn groep 8 Sprekst en skriuwst neist it Nederlânsk ek yn it Frysk? Ik praat wol Frysk, mar skriuw it net. Mandeguod 9

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication