42

Doarpsmienskip Mantgum Jierferslach Doarpsbelang Mantgum 2015 / 2016 Al wer in jier foarby. Ik haw it gefoel dat ik net iens fan dit plak ôf west haw. Dan tink ik…”haw ik dat allinne mar? Of soene oaren dêr no ek lêst fan hawwe?.... Eins raar. Of net. Hoe sit dat eins mei jimme? Hawwe jimme dat gefoel ek wolris? Oh… lokkich mar. Ik begûn hast in bytsje oan myn sels te twifeljen. Myn lêste wurden út it ferslach fan ferline jier wiene: “Partisipearje, no litte wy dat dan mar dwaan. Dan komt it grif goed! Libje yn in partisipaasjemaatskippij… ja dat hat wol wat. It jout my wol moed foar de takomst. Mar litte wy foaral út ús sels wei tinke en net tefolle de regels fan de opdrachtjouwers folgje. Wy Mantgumers, binne neffens my folwoeksen en ferstannich genôch om ús sels op’e rails te hâlden en dêrmei tagelyk ús doarp op’e kaart!” Fraach is dan: binne wy dêr dan it ôfrûne jier yn slagge. Dogge wy wol dat wat wy dwaan wolle, of litte wy ús dochs oanstjoere troch regels. Kinne wy wol dat dwaan wat wy eins foar eagen hawwe? Frjemd eins, dat foar alle plannen dy’t d’r makke wurde, wol nei ús miening frege wurdt mar sadra de kniper op’e skine komt, it net mear nedich is. Sizze wy nee, dan wurdt it ja! En sizze wy ja, dan hawwe wy in te lege oplieding hân om yn it proces “mienskiplik meitinke te kinnen”. Ja soks stie okkerdeis yn lytse letterkes te lêzen yn in meitink kampanje… Wie’t net Kulturele Haadstêd? It giet faak oer beslissings dy’t mei in hiele protte jild te krijen hawwe. Jild dat allinne mar út lucht bestiet mar wêr’t al bûsenfol fan út jûn wurdt. Frjemd net? Fonteinen sa wol mei wetter as yn iis, folle net genôch. Oeral kinne se wol del skiten wurde. Troch de betinkers wurdt gauris allinne mar yn greate bedragen tocht en de lytse dinkjes dogge der net ta. Fraach is ek… Is dit eins wol kultuer. Of is dat wat krekt makke is daliks al in ikoan. Hoe no?... 40 Mandeguod

43 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication