42

42 Mandeguod Teake op ‘e praatstoel oer ferfleine tiden Handikaptesport yn Mantgum anno 1941 Der wienen yn dy snuorje yn Mantgum in stik of seis jonges dy’t mei elkoar keatsten op ‘e Frijbuorren. Der wie in fêst ploechje: Ealze Rypstra, Folkert Oosterbos, Hindrik Kirkenier, Henk Schuurmans, en der wiene noch in pear dy’t sa no en dan meidiene, mar de nammen dêr fan binne my net bekend. Mar ien jonge is my wol bekend: dat wie Frâns van Dellen, soan fan Durk en Minke. Hja wennen yn ien fan de huzen oan de Fearhûshoeke (wêr’t Johannes en Adelma no wenje). Frâns hie kinderferlamming hân en wie ûnder de knibbels ferlamme. Hy siet altyd yn in karke dêr’t er mei de hannen om de bannen tige goed mei omgean koe. Se praten ôf om nei skoaltiid te keatsen op ‘e Frijbuorren. Folkert, sa akkoarten se, soe Harm de Boer fan de keatsklub Jacob Klaver freegje oft sy in ‘echte’ keatsbal brûke mochten. Dat mocht, ûnder de betingst dat de bal hiel wer nei De Boer werombrocht wurde soe. Dat seine Folkert c.s. ta en dêrnei gie it alle dagen oan: keatse op ‘e Frijbuorren. It perk waard útlein mei op ‘e hoeken de klompen fan de keatsers. De jonges makken mei Frâns de ôfspraak dat sy sels ek allegearre op ‘e knibbels keatse soene. Ik tink dat dit wol it alderearste keatsen wie as ‘handikaptensport’, noch nea earder hie men de keatssport sa bedreaun. Se koene op it lêst de ballen, Ut it boekje ‘Baerderadiel sa’t it wie’

43 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication