49

juli/augustus 2022 49 Iten as motivaasje om nei skoalle Yn de maaiefakânsje ha ik tegearre mei myn broer Jelle twa wiken op besite west op de skoalle yn Matunda, Kenia, dy’t wy bouwe fanút ús stichting Doch Dyn Dream. Doel fan de reis wie om de folgjende stappen te bepalen foar ús stifting. No’t de skoalgebouwen en de keuken sa goed as ôfboud binne, is it tiid om ús te rjochtsjen op de takomst. Yn earste ynstânsje hie ik it idee opfette om wat te dwaan oan it dosinteteam. Op dit stuit binne de dosinten allegear frijwilligers. Op himsels is dat prima, mar it probleem is dat se ek samar fuort kinne. De kâns is dan ek grut dat se dat dogge as se earne oars in betelle baan krije kinne. Al gau die bliken dat dit net helber is, it is foar ús gewoanwei te djoer om se alle moannen te beteljen. Wat my fierder opfoel wie dat der mar in bytsje learlingen op de skoalle wienen. Doe’t ik myn soargen dêroer utere, joegen se oan dat dit foaral kaam omdat de learlingen hast gjin iten mear op skoalle krigen. Troch de drûchte binne de prizen bot omheech gien en dêrtroch is it dreger om oan iten te kommen. De learlingen dy’t op ús skoalle sitte binne foar in grut part weesbern of bern út hiel earme gesinnen. Sy binne as it op iten oankomt, oanwiisd op datjinge dat se op skoalle krije. De lêste tiid wie der dus minder iten en →

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication