50

50 Mandeguod bykommend foardiel dus dat de bern nei skoalle kamen. In oare útdaging dêr’t se dêr foar stienen, wie dat de oerheid bepaald hie dat der in nij kurrikulum ynfierd wurde moast. Dit betsjutte dat alle boeken dy’t der wienen foar in grut part weardeleas wurden binne. dat hat der yn resultearre dat guon bern net mear nei skoalle kamen. Sy koenen dan better brûkt wurde om te wurkjen en jild te fertsjinjen en waarden dan troch harren âlders of fersoargers net mear nei skoalle stjoerd. Eksimplarysk foarbyld wie in famke fan de skoalle dat we tsjinkamen op in dei doe’t we werom rûnen nei ús ferbliuwplak. It famke rûn mei in grutte amer wetter op ‘e holle, sa’t Afrikaanske minsken dat kinne. Se wie troch har beppe frege om wetter te heljen en koe dus net nei skoalle ta. Wy hawwe doe yn goed oerlis mei de minsken dêr’t wy dêr it kontakt mei hawwe, besletten om foar de bern iten te keapjen. De ferwachting wie dat der dan ek mear bern nei skoalle komme soenen. En dy ferwachting kaam ek út. Alle dagen kamen der mear bern. It nijs dat der wer iten wie gie as diggelfjoer. Utsein it feit dat iten op himsels al ferskriklik wichtich is, wie it Om goed oan te sluten by it programma fan de oerheid moasten dus ek nije boeken oanskaft wurde foar 12 skoalfakken. Dat ha wy ek op ús nommen en dy boeken binne krektlyn kocht. Foto’s dêrfan sille ynkoarten op ús Facebook pagina te sjen wêze. Fierder ha we dêr noch sjoen nei selsfoarsjennendheid. It moaiste soe wêze dat wy der op in bepaald stuit tusken wei stappe kinne en dat se harren sels rêde kinne. Mei de bou fan in kas en it oanlizzen fan in irrigaasjesysteem op sinne­enerzjy ha we dêr in earste stap yn setten. Der binne ideeën om der noch in kas by te bouwen, of eventueel stikken lân te keapjen of te hieren om eigen iten

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication