64 Mandeguod D Wat soesto! Freark Smink hat syn ‘opus magnum’ nota bene nei syn santichste nochris ôflevere yn de foarm fan in magistrale teaterfoarstelling oer it boerelibben. It is lykwols net allinne de boer dy’t sintraal stiet mei syn hjoeddeiske problematyk as reade tried yn ‘Wat soesto!’. Famyljerelaasjes yn ’t algemien mei dy fan heit en soan yn ’t bysûnder en it ferskynsel ‘mantelsoarch’ spylje ek in grutte rol yn it toanielstik. Dêryn wurdt de skriuwer/akteur nochris fenomenaal bystien troch syn oare helte Klaasje Postma yn de rol fan demintearjende mem. Werkenberheid is wat de taskôger benammen oansprekt. Sawol by boeren as boargers, sa docht bliken. It hat lykwols noch wol dreech kealle. Freark Smink hie nei in protte ûndersyk en neifraach ynearsten in hiel oar stik yn ’e holle, mar skreau, oantrune troch in ‘oanmoedigjende redaksje’, yn twadde ynstânsje in geweldige monolooch. In hiele lape tekst dy’t hy bewûnderingsweardich foar eigen rekken nommen hat. Alhiel oannimlik en oertsjûgjend jout Freark stal oan in wrakseljende boer yn tsjustere agraryske tiden. Hy docht dat mei gemak yn de persoan fan de tsien jier jongere boer Frâns. De bern binne it hûs út, syn frou is útnaaid en Frâns húsmannet tegearre mei syn ûnbehelplike mem op de pleats wer’t syn pake ek al buorke. Mar tsjintwurdich moat hy folle mear kij melke as syn heit en pake ea dien hawwe om de holle boppe wetter te hâlden. En Frâns is net by machte grip te krijen op it feit wêrom saken gien binne sa’t se gien binne. Is it no syn skuld dat de fûgels en de blommen yn it fjild ferdwûn binne? Hy docht dochs sa syn bêst om it fee syn gerak te jaan! En is de boer wol debet oan de stikstofswierrichheid? It binne yn feite fragen wêrmei de skriuwer oan de kaak stelt wêrom hy syn eigen grutskens kwyt rekke is dat hy fan boerekomôf is. Sa stelt hy dat ek yn retoaryske fragen oan syn publyk. Fierder as inkeld wat ynstimmende knikken smyt dat net op. Minsken belide ommers mei de mûle harren begrutsjen om it klimaat, de natoer en de krimp yn it bioferskaat wol, mar litte dat yn ’e supermerk faaks net blike fansels. Binne wy sadwaande net allegearre debet oan de drege sitewaasje
65 Online Touch Home