Verslag Jong Famme Partij 2017 De Jong Famme Partij 2017 yn Mantgum is wûn troch it partoer fan Wommels. Anna-Brecht Bruinsma, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia gongen foar it twadde jier op rige mei de krânsen nei hûs. It sulver waard wûn troch Ljouwert en de tredde priis wie foar Marsum. Earste omloop Mei 21 pertoeren op ‘e list út 20 ferskillende doarpen wie it moai dielnimmersfjild. Wommels wie fertsjintwurdige mei twa pertoer. Der waard keatst yn twa fjilden en rûn in oer as tsien waarden de earste ballen slein. By de partij tusken Peins en Wytmarsum wie it spannend, it wie op fiif earsten gelyk úteinlik Peins dy’t oan de langste ein luts. By de partij tusken Grou en Stiens waard it ek fiif earsten gelyk, dêr wûn Grou. Wommels hie it yn de earste omloop noch dreech mei harren partij tsjin Berltsum mei de sterke Ilse Tuinenga, mar Berltsum kaam úteinlik yn it perk wat te koart en Wommels wûn op 5-4 en 6-2 Alle útslagen earste omloop: Wommels II–Makkum 3-5 0-6, Easterein–Minnertsgea 3-5 2-6, Marsum–Reduzum 5-2 6-0, Wier-Dronryp 1-5 4-6, Peins-Wytmarsum 5-5 6-4, Grou-Stiens 5-5 6-0, Wommels-Berltsum 5-4 6-2, Mantgum-Bûtenpost 5-4 6-4, Ried-Goëngea 1-5 6-6, Seisbierrum/Pitersbierrum – Folsgeare 1-5 6-6, Ljouwert steand nûmer. Twadde omloop De hiele dei waard der troch de froulju spannend keatst en de twadde omloop hie ek in oantal kreakers. Ien fan dy kreakers wie de partij tusken Peins en Dronryp. It waard in gelyk opgeande striid mar op fiif earsten gelyk miste Peins trije kear it perk en wûn Dronryp mei 5-5 en 6-2. Noch spannender wie de partij tusken Wommels en Grou. Grou keatste sterk, makke mar in bytsje fouten en stie samar mei 3-0 foar. Wommels makke wol in soad fouten en it like dêrom foar Grou in kwestje fan útmeitsjen doe’t se ek nochris mei 5-3 foar kamen. Mar Wommels kaam werom oant fiif earsten gelyk. En yn it lêste earst waard it ek noch seis gelyk. In 38 Mandeguod
41 Online Touch Home