41

prima opslachbal fan Wommels waard troch achterynse, Ymkje Yntema fan Grou goed útslein, like it. Mar de bal foel foar Grou krekt oan de ferkearde kant fan de line, kwea. Dan wie der noch in partij dy’t mei alles oan ‘e hang beslist waard. Dat wie de partij tusken Mantgum en it twatal fan Goëngea. Mantgum koe de keats op de middeline goed ferdiegenje en gong sa ek troch nei de tredde list. Alle útslagen twadde omloop: Ljouwert–Makkum 5-1 6-6, Minnertsgea–Marsum 3-5 4-6, Dronryp-Peins 5-5 6-2, Grou-Wommels 5-5 6-6 (Wommels wint), Mantgum–Goëngea 5-5 6-6 (Mantgum wint), Seisbierrum/Pitersbierrum steand nûmer. Tredde omloop Ljouwert dy’t yn de earste omloop stean bleaun wie en yn de twadde omloop frij maklik fan Makkum wûnen moasten it opnimme tsjin Seisbierrum/Pitersbierrum. Ljouwert kaam mei 4-1 foar mar ferlear doe twa kear efterinoar it buordsje op seis gelyk. Mar it ferset fan Seisbierrum/Pitersbierrum waard net grutter en dêrmei kaam Ljouwert yn de heale finale te stean. De twadde partij fan de tredde list gie tusken Dronryp en Marsum. De froulju fan Dronryp hellen de ôfrûne trije edysjes fan de Jong Mandeguod 39

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication