Wy hawwe in pear kear op skoalle west om dêr oer te praten en de learlingen binne no dwaande mei it meitsjen fan ûntwerpen en neitinken oer it ynsammeljen fan jild. Fia de tolk hawwe wy regelmjittich kontakt oer dit projekt, en no kinne wy noch wat fragen stelle en foto’s meitsje. Nei de rûnlieding dy’t fansels wer folle langer duorre as soe, krigen we waarm iten. Doe gau werom nei Kisléta om yn te pakken foar Nábrad. Dizze opfang foar handikapte bern helpt 60 húshâldingen, de klean binne hjir dan ek mear dan wolkom. Sy hawwe ús tasein wat foto’s te stjoeren fan it útdielen. Hjir binne nammentlik ek in pear doazen brocht mei klean dy’t breide binne troch de froulju fan de breiklup. Ek hjir moasten we mei te iten. Om jûns acht oere wienen we wer thús. Tiisdei gong de earste rit nei Nyírbéltek. Yn dit opfangtehûs wenje in soad schizofrene en autistyske minsken. It is dreech om de minsken in bytsje rêstich te hâlden. De froulju dy’t hjir wurkje prate altyd begryplik Hongaarsk en it wie leuk om wer even by te praten. De tehuzen binne op dit stuit allegearre drok dwaande om de fúzjes ta te rieden. Der binne wol soargen oer hoe’t dat rinne sil yn de takomst. Tuskentroch even thús oan west om te iten en wat te waskjen. Foar de middei stie Berettyoújfalu op it programma. De direkteur wol graach ús miening oer de flechtlingen. Wy binne it net hielendal mei him iens en dat soarget derfoar dat de tolk dy’t it oersette moat har net hielendal op har gemak fielt. In soad minsken hjir fine it mar raar dat wy gjin problemen hawwe mei de flechtlingen. Hjir wolle se foaral de grinzen tichthâlde. Wy litte hjir doazen mei klean foar (âldere) bern dy’t hjir opfongen wurde. De tolk fertelt dat it wurk hieltyd dreger wurdt fanwegen ferskillende problemen. Op de weromreis moatte wy yn Debrecen by it fleanfjild oan want.... wy kinne Tjitske ophelje. Sy hat noch oardelwike thús oan it wurk west en komt no nei ús ta. O sa bliid dat wy har wer by ús hawwe en sels hat se ek sin oan de fakânsje! Woansdei earst nei it Blijf van mijn lijf huis yn Nyíregyháza. De klean foar alle leeftiden binne wol nedich. Der wurde in soad minsken opfongen foar langere tiid. Sy binne dwaande om ek minsken te pleatsen yn ‘gewoane’ huzen en te begelieden nei it selsstannich wenjen. Nei it boadskipjen (moat ek dien wurde) en it iten nei it âldereintehûs yn Tiborszálas. Wy krije in rûnlieding en it sjen fan de âlde minsken dy’t hielendal oplibje omdat wy even delrinne makket djippe yndruk op ús bern. De famkes beslute dat se noch in dei hjir52 Mandeguod
55 Online Touch Home