6

It âld stek Peter Edes hold midden op ‘e dyk syn trekker stil en hong heal ta it rútsje út: ”Lys, ik vin dit su mooi!” Peter is altyd sa hearlik rjochtút! Hy doelde dus op myn ‘nije’ stek. En om earlik te wêzen: ik bin der sels ek tige wiis mei! Om fuort mar in misferstân de wrâld út te helpen: it is nèt in nij stek, it is gewoan it âlde stek. It stek dat dêr altyd al oan de Seerp van Galemawei stie. Al sûnt 1880 ûngefear. It stek dat al hiel wat te lijen hân hat sûnt dy tiid. It stek dêr’t al ferskate beammen op fallen binne – der hat in hiele rigele (gemeente)beammen stien tusken ús stek en de dyk, mar foar in part binne se omfallen boppe op ús stek. Of krekt op ‘e tiid troch de gemeente der wei helle omdat se oars ek op it stek falle soene. En nee, net altyd hat de gemeente dêr wer in nije beam plante. “Wy, as jonges rûnen wol ris mei in stok by it stek lâns”, sa fertelde Teake Oosterbos my, “en dan rûtsten we samar in stik of wat fan de boppeste punten der ôf.” Teake hat my beloofd dat er soks net wer dwaan sil… It is in jitizeren stek, en jitizer is yndie kwetsber materiaal. Durk Monsma wit der alles fan: doe’t hy as skoaljonkje yn Britswert wenne, makken se der ek in sport fan om mei in grutte glêzen boster op de punten fan it Britswerter tsjerkestek te mikken. Ast goed tûk wiest, piktest der sà in punt ôf dy’t dan wit hoe fier fuort skeat! As skoalfamke ha ik sels ek wol mei de klomp op sa’n punt stien te meppen. Ommers, as dyn klomp begûn te ‘bewegen’ wie dat it earste teken fan in gat ûnder de klomp. Dan holpen wy dat gat dochs in bytsje… Want hiest in gat yn ‘e klomp, dan krigest nijen! Dat hat it stek ek fêst wol wat punten koste, want hoe fierder ast fan de eartiidske legere skoalle ôf kaamst, hoe mear punten der noch op it stek sieten. Boppedat is der ris in kear in auto sûnder sjauffeur tsjin it stek oanriden. No is dat tsjintwurdich hip: selsstjoerende auto’s sûnder dat der ien achter it stjoer sit. Mar dat wie destiids noch gjin moade, en it wie de bedoeling fan de eigener ek net. 4 Mandeguod

7 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication