De auto stie parkeard boppe op ‘e terp, allinne hy stie net op ‘e hânrem en is yn syn uppy by de terp del rôle foar’t er by ús yn it stek bedarre. Ja, it kin de master misse. Ik tink der sels altyd wol om, ek de besite wiis ik der op dat se de auto op de hânrem of yn in fersnelling sette moatte. Mar in pear jier lyn hie ik it sels ek fergetten – de auto stie net mear by ús sels foar de doar, mar op ‘e hoeke by Tsjerkje en Jan Willem, yn it roazeperkje. ‘k Moat der net oan tinke wat der allegear wol net mis gean kind hie… De terp wie ek in reden foar ús om it stek op te knappen. Yn de lêste hûndert jier is de terp nammentlik ea foar in part ôfgroeven en útflakke en letter wer foar in part ophege. Us foartún wie lykwols op it selde nivo bleaun mei as gefolch dat de tún folle leger lei as de dyk en it stek foar in part ûnder de grûn bedarre wie. Om koart te kriemen: it stek seach der net út. Dêrom wie der om-ende-by 1970 al in berberishage foar plante, dan foel it net sa bot op. Mar ik woe it stek ek net kwyt, dat alle kearen as der wer ris in âld-izer-boer op ‘e stoepe stie mei it foarstel: “Frou, sil ik dat âld stek fan jo mar meinimme?” bin ik der net op yngien. Goed tweintich jier lyn lykwols is ús hûs en ek it stek oanwiisd as ryksmonumint. Dat ús stek ‘monumintaal’ wie hie ik my oant no ta net drok oer makke, mar in pear jier lyn waard ik troch Monumintewacht der op attendeard dat ik dat bêst wol opknappe litte koe. Ommers, it seach der noch reedlik út, neffens harren. It sjocht der noch reedlik út??? Dat seach ik der net bepaald oan ôf… Mar omdat it stek in monumint is, koe ik subsydzje fan de provinsje Fryslân krije om it te restaurearjen. Tajûn, der bliuwt noch in hiele berch jild oer dy’t ik sels betelje moat, mar sa’n subsydzje is dochs it triuwke yn de rêch om it stek opknappe te litten. Sadwaande hawwe wy ferline simmer gâns wat oerkes stien te graven en op knibbels by it stek lein om alle berberiswoartels en oare beamwoartels út en Mandeguod 5
8 Online Touch Home