ûnder it stek wei te krijen. No hoegden jimme gjin meilijen mei ús te krijen, hear, want it is bêst gesellich dêr by de dyk lâns. Der komt fan alles foarby. En dan binne it net allinne minsken út de buert. “Parlez-vous Français?” frege in stel my in kear. No, dat is by my mar in hiel lyts bytsje peu… Ast goed lústerest komme hjir hiel wat toeristen èn talen foarby. Wylst we mei it lêste graafwurk oan ‘e gong wiene ried der noch immen mei in ûnbidich grutte trekker tsjin it stek oan. Hy moast in karre mei grûn oan ‘e oare kant fan de dyk leegje, en rausde sa rûch hinne en wer dat hy in stik fan ús stek kapot ried. It wie in meiwurker fan Adriaan Greijdanus út Jellum, en sawol de meiwurker as Greijdanus sels fûnen dat ik net seure moast oer sa’n âld stek. De man wie hastich en hie net iens mùrken dat hy tsjin it stek oanriden wie. De ekstra skea ha ik nea fergoede krigen… Soene jo ien fan dy mannen mei harren grutte ark op ‘e dyk tsjinkomme, dan hoopje ik dat se net hastich binne, want se mèrke net iens dat se jo oanride… We moasten aardich djip grave, want it fundearringspart fan de grutte peallen – de balústers – stie sa’n 70 sintimeter djip yn de grûn. Mei dêrûnder in pear readige bakstiennen as fundearring. Tochten wy. Want doe’t yn ‘e lette hjerst fan 2015 it hiele stek der út helle waard die bliken dat dy fundearring net út reade bakstiennen bestie, mar in ûnderdiel wie fan de balúster sels. Alle balústers hiene ûnderoan in rûne grûnplaat (read fan de rust) – itselde idee ûngefear as wannear’st by dyn gleske tonic sa’n stamperke krigest om it sitroenskyfke út te parsen. De hiele winter hat it stek fuort west, nei de wurkpleats fan Geart Rosier, de smid yn Akkrum. Alle ûnderdielen hiene in nûmerke krigen, omdat elke balúster en elk stekje wer presys op itselde plak komme moast – oars soe it net mear passe. Yn de tuskentiid is ús foartún ophege, sadat it stek boppe it ‘maaiveld’ útkomme soe, ynstee fan wer heal ûnder de grûn. De hiele winter lei de swarte modder der wat trystich by, oant yn de lette maaitiid alle wylde blommen (neam dat gjin ûnkrûd ast mei in biolooch troud bist…) as in gek 6 Mandeguod
9 Online Touch Home