Sanne foar it fuotljocht a hat nea heard fan Charles Dickens syn ‘A Christmas Carol’, it âlde ferhaal oer Scrooge en Marley? It ferhaal oer de gjirrige Scrooge en syn eardere kompanjon Marley dy’t alles diene om hieltyd mar mear jild by inoar te skrabjen, mar hielendal neat oer hiene foar de minsken dy’t gjìn jild hiene? Lokkich wie it in krystferhaal, en hie dit âlde ferhaal fan mear as 150 jier lyn doe ek al in ‘happy end’. It ferhaal bliuwt lykwols altyd wol in bytsje aktueel, en dit tema hat dan ek de oanset west foar de krystmusical “De Sterren van Bartlehiem” yn it Posthuis yn It Hearrenfean. In famyljefoarstelling mei – tink ik – fêst ek wol in happy end. Mar dêr bin ik noch net wis fan, want it plot is fansels ‘grut geheim’. Der is lykwols ien fan ús jonge doarpsgenoatsjes dy’t hjir wòl mear fan wit, en dat is Sanne de Heer. Dêrom hat Sanne foar Mandeguod op ‘e tekst west oer har oandiel yn “De Sterren van Bartlehiem”. Sanne har toanielkarrière rint al wat langer: hja hat fan ’t simmer yn it Berneiepenloftspul spile, begjin 2014 hat se oan in toanielworkshop fan Marius Delgrosso meidien, en fansels jout de Foardrachtskriich har ek in poadium. Sa kaam it ek dat Sanne har opjoech foar de krystmusical “De Sterren van Bartlehiem”. De audysjes wiene yn augustus en der wiene mear as 100 minsken tusken de 8 en 88 jier dy’t in skot weagen, wylst der mar 20 nedich wiene…. Foar de audysje moasten se dûnsje, sjonge, ymprovisearje en fansels dúdlik prate. Rients Gratama siet dêrfoar mei de hân oan it ear achter yn de seal en wa’t net dúdlik oerkaam, waard yndie net útkeazen. Kinst begripe dat Sanne wol efkes in gat yn ‘e loft sprong doe’t se berjocht krige dat se útkeazen wie. 8 Mandeguod december 2015
11 Online Touch Home