WIET WETTER KLUP Wy tochten sa nei it ein rinnen fan it jier, moatte wy noch wat fan ús heare litte en de saken fan it ôfrûne jier noch efkes oereidzje. Der is troch ús as klup, dy't der tusken yn sit, wer hiel wat wurk út de wei set. Der “tusken yn” we sille it útlizze. Wy wiene in aksjeploechje dy't ûnder de paraplu fan Doarpsbelang op en om it wetter “de Mantgumerfeart” de wetterdjipte, begroeiïng, passanten, ôffal, meanen en mear saken lyk as wettersportiepening, ferljochte skûtsje mei de krystdagen, himmelje fan wetter as taak op ús namen. Wy binne no oan de gong om in feriening te wurden, dat is noch net sa maklik want it moat juridysk ek in bytsje tichtspikere wêze om net persoanlik oanspraaklik te wêzen. Mei de gemeente lykje we der wol út te kommen, al moatte dêr mei oerlis noch wol wat ploaien glêd strutsen wurde. Wy tinke it oar jier febrewaris-maart sa fier te wêzen. It komt ek wolris in bytsje oars út: nim no fan 't maitiid by de Mantgumersyl. Wy koene in pream liene fan Piter út Aldeboarn. Dy hie it opdrukkerke te brûken fan ús kluplid en foarsitter Sytse, foar de gondelfeart yn Aldeboarn. Piter brocht it opdrukkerke werom nei Mantgum mei de âld pream fan de gondelfeart. Dy pream moasten wy brûke om de balke ûnder de Mantgumersyl te ferfangen. Der komt oan beide kanten fan de trochgong in oanfarringsskot. Wy wiene al moai foardere en de balke wie der al úthelle en yn trijen seage by Posthumus yn Frentsjer. Peter Edes die de fracht. Wy hiene de ûnderste balke al wer oanbrocht doe't op in moarn de pream ûnder wetter lei. Simon van der Berg fan it Wiel yn Weidum waard skille en hat de pream hiel hoeden boppe wetter helle. Oude situatie onder de brug 22 Mandeguod december 2015
25 Online Touch Home