Pippa: blinehûn yn oplieding. Us buorlju Herman en Nella ha fan ’t simmer in jonge hûn krigen. No, om it presizer te sizzen: buorfrou Nèlla hat in hûntsje krigen. Samar in jonge hûn. No, samar… It is in hiele spesjale hûn. It is in hûn yn oplieding. In oplieding ta ‘geleidehond voor blinden en slechtzienden’. It begûn allegear oan it begjin fan dit jier. Nella naam kontakt op mei de Stichting Hulphond, omdat it har in moai doel like no’t hja mei har wurk opholden is en dus mear tiid om hannen hat. Mar dy stichting hat syn domisylje yn Brabân – fierstente fier fuort dus. Doe kaam de ‘Geleidehondenschool’ fan Herman Jansen yn Almere yn byld. Dy skoalle hat in dependânse yn Drachten en dat leit op in ridlike ôfstân foar de trainingen. Dat doe hat Nella har by de skoalle yn Almere opjûn as gastgesin foar in blinehûn. Fuortendaliks de oare deis krige se in telefoantsje fan de dependânse yn Drachten: se koe dyselde wyks in trainingsles foar liedhûnen bywenje. Dy les kaam har hiel sympatyk oer en fersterke har idee dat se graach in hûntsje in jier lang opliede woe. ’t Is fansels net sa datst dan fuortdaliks in hûntsje meikrigest - se komme earst by dy te sjen wêr’st wennest, want in flatsje fan 10 heech is net it gaadlikste plak foar in jonge hûn. Ek wurde blinehûnen net pleatst by in húshâlding mei lytse bern ûnder de 4 jier – in hûn moat syn plak yn de ‘roedel’ kenne, en hy soe himsels boppe sokke lytse bern pleatse kinne. Ien fan de wichtichste dingen is lykwols: je moatte seeën fan frije tiid ha, want it opfieden en trainen fan sa’n hûn fret tiid…. Alles waard lokkich goedkard, en twa moanne letter kaam Pippa by Nella en Herman te wenjen. Pippa – net in namme dy’t Nella boppe oan it listke sette soe, mar dy namme komt mei de hûn. De skoalle fokt nammentlik sels hûnen, en betinkt fuort in namme foar de jonge hûntsjes. Dy earste pear wiken hiene wy dan ek in tige oandwaanlik buorhûntsje. Sy seach der út as it hûntsje fan it Page-húskepapier… Mar alle wiken kaam der wat hichte en wat gewicht by en ek al is Pippa no noch mar 6 moanne, it is al in knaap fan in hûn. 12 Mandeguod
15 Online Touch Home