15

Mar, sa’k sei: yn oplieding. En ja, Nella sels is ek in bytsje ‘yn oplieding’. Jierren lyn hat se wol ris twa dwerchpoedels hân, mar in blinehûn, dat is nij foar har. It begûn al mei in moarntiid teory en in boekwurkje oer de training, fersoarging en opfieding fan in blinehûn foardat Pippa by harren oer de flier kaam. It wie noch mar in hûntsje fan sa’n 7 wike âld, moast sels noch leare om, nee, net yn de keamer te pisjen, mar bûtendoar. Bûten soksoarte ‘basisbegjinsels’ moat Pippa noch in hiele protte oare saken bybrocht wurde. No kinne hûnen foar ferskate doelen oplaat wurde – kinst it sa gek net betinke of in hûn kin earne foar traind wurde: it bekendst is wierskynlik wol de liedhûn foar blinen, mar der binne ek hûnen dy’t by harren baaske epilepsy oankommen fiele, se kinne oplaat wurde om b.g. ferdronken minsken op te spoaren of – mear om it kriminele sirkwy tsjin te gean – se wurde oplaat om drugs of bankbiljetten op te spoaren. Pippa falt dus ûnder dy earste kategoary. Sadree’t Pippa har túchje – har ‘jaske’ – oan hat, is se ‘yn funksje’. Op dat stuit mei se net mei oare hûnen boartsje, op oare hûnen reagearje, tsjin oare hûnen blaffe, tsjin minsken opspringe, achter katten oan sitte of wat dan ek. It is de bedoeling dat Pippa dan min of mear sûnder op of om te sjen as liedhûn har paad ferfolget. In liedhûn moat alle oandacht ommers rjochtsje op syn of har bline baaske. Ein augustus hiene wy ús útfanhûzershûntsje Demi wer oer de flier – in papillon-hûntsje, al mear as 10 jier âld, noch ien tosk oer, in fatsoenlike kat is grutter as Demi, en as David twa wike net meand hat komt Demi kwalik boppe it gers út. Mar wol in ôfgryslik stik kabaal as der minsken of hûnen foarbykomme. Doe’t Pippa in kear mei de noas yn de loft foarby kaam tjirge Demi him wer tige. Pippa stie even yn bestân oft se dêr no op reagearje soe of net, seach ris nei Nella, en keas doe de wiiste wei: gewoan trochrinne…. Kommando’s sa as: zit, af, los, links, rechts, pin, post en stoep moatte allegear oanleard wurde. (Ja, jo heare it goed: blinehûnen prate gjin Frysk…) By ‘stoep’ bygelyks moat Pippa stilhâlde as har begelieder fan it trottoir ôfstappe moat, en as har begelieder wer op it trottoir stappe sil, moat de hûn mei de beide foarpoatsjes op it trottoir stilhâlde as teken: tink der om, stroffelje net oer de trottoirrâne. By in brievebus moat in liedhûn mei de foarpoatsjes omheech stean gean as teken: hjir moatst wêze mei dyn brief. By in pinautomaat fan it selde lekken in pak. Allinne is Pippa no noch net earlik grut genôch om de Mantgumer brievebus rikke te kinnen, want dy sit tige heech. Mar dat komt Mandeguod 13

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication