16

dus noch. Ek moat se har begelieder feilich om obstakels, luifels, auto’s en alle oare saken dy’t yn it paad steane, hinne liede. Pippa moat oeral mei hinne nommen wurde, omdat dat letter har taak ek is. Nella hat foarôf oerlis mei de Poiesz hân en sadwaande koest Pippa as hiel lyts hûntsje yn in kratsje yn it winkelweintsje fan de Poiesz tsjinkomme. Tsjintwurdich giet se gewoan oan de riem mei te shoppen, mei har ‘jaske’ oan. Sa hat Pippa al yn de Grinzer Universiteit west, op de boat nei Skylge, by Jonker Sikke, yn it hotel, yn de trein, yn de bus, by de pedikuere, neam mar op. Dit alles op betingst dat se net blaft en nearne oan sit. Doe’t Pippa mei Herman yn it MCL wie, hat it sikehûs in foto fan it duo nommen en op de Facebookpagina fan it MCL set. Der kamen 651 likes op! Lokkich is de wetjouwing tsjintwurdich sa dat liedhûnen en helphûnen net wegere wurde meie en oeral tagong hawwe moatte. It is wetlik noch net hielendal dúdlik hoe’t it sit mei sa’n hûn yn oplieding, mar it soe in bytsje raar wêze as dy regels net foar liedhûnen yn oplieding jilde. By alle ynfo kamen ek ynstruksjes oer hoe fier as men mei in jonge hûn rinne mei. Omdat de bonken noch net folgroeid wiene, mocht der yn it begjin net oeren mei rûn wurde. Dit jildt yn prinsipe foar alle jonge hûntsjes. Ja, doe’t wy Nella yn it begjin rinnen seagen mei it hûntsje yn de buggy, tochten wy ek: ‘Kom op, it bistke hat poatsjes…’ Mar it siet dus justjes oars as dat wy tochten. Nella rûn in part fan de ôfstân mei Pippa, en in part fan de ôfstân koe Pippa yn de buggy riden wurde. Mar de training is noch lang net ôf. “Ik durf haar hier in Mantgum ook alleen nog maar zonder riem te laten als ik het pad langs het water om het dorp heen loop”, fertelt Nella, “Daar zijn geen auto’s waar ze onder kan raken.” De earste moannen moast Nella alle wiken in moarn te trainen mei Pippa, no is dat noch ien moarn yn de twa wike. Se easkje net foar neat datst in soad frije tiid hast… En hat Pippa sa no en dan ris in dwarse bui, de trainster kin altyd belle wurde foar goede rie. “Dat is wel een geruststellende gedachte, zelfs in 14 Mandeguod

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication