gastgesin of nei immen oars. De hûn giet dus gewoan rêstich mei pinsjoen. En dat hat sa’n hûn dan ek wol fertsjinne! Letter yn de training komt der ek noch in part dêr’t Nella wol wat tsjin opsjocht: mei in blyndoek om mei Pippa op ‘e dyk rinne, om in bytsje it gefoel te krijen fan hoe’t de wrâld is as je (hast) neat sjogge. Mar foarlopich sjogge jimme Pippa troch de buorren stappen mei op beide siden fan har ‘jaske’ de wurden “in opleiding”. Dat hâldt ek yn datst har net ôfliede meist. En net aaie…. Dat lêste is bytiden dreech. Want Pippa sels fynt it hearlik om aaid te wurden. Mar dat mei dus net as se ‘yn funksje’ is. “Ik heb laatst grote moeite gehad om dat aan een klein jongetje uit te leggen,“ seit Nella. It jonkje fûn soks mar nuver: hoesa mochten je sa’n leave hûn no net aaie??? - - - - - - - Ien fan de bykomstichheden is dat je mei sa’n hûn op Facebook en Whats App sitte, omdat je dan maklik yn kontakt komme mei oare minsken dy’t ek in hûn opliede. Yn Fryslân hat de Geleidehondenschool fan Herman Jansen hast noch gjin gastgesinnen foar liedhûnen, dat it soe moai wêze as Pippa hjir yn de buert wat selskip krije soe. Foar bline minsken en minsken dy’t hiel min sjogge binne der no nammentlik wachtlisten om in liedhûn krije te kinnen. Binne jo nijsgjirrich hoe’t soks yn syn wurk giet? Op www.geleidehondentrainer.nl kinne jo ek in hiel soad nijsgjirrige saken oer liedhûnen oan ‘e weet komme. En wa wit, liket it jo wol wat! Lys Scarse Mandeguod 17
20 Online Touch Home