Nieuws van de Gielguorde Iepening skoalplein Woansdeitemoarn 18 oktober wie it dan safier, de iepening fan it opknapte skoalplein fan Mantgum. Nei mear as trije en in heal jier fan regeljen en praten mei de gemeente, omwenjenden, skoalbern, Doarpsmienskip , leveransiers en it hifkjen fan fûnsen om it jild rûn te krijen, is it doel om it skoalplein op te knappen realisearre. Trije en in heal jier lyn kaam it idee om in plak te meitsjen foar de fuotbaljende bern. Omdat Mantgum op in terp leit en nei aardich wat wetterfal de measte plakken foar bern om te boartsjen dweiltrochwiet binne, komme se allegear nei it skoalplein. Dit plak is betegele en it hiele jier tagonklik. De bern hiene op it skoalplein in lyts stikje dêr’t se fuotbalje koene. Dat stikje terrein wie net echt in geskikt plak om’t de bal òf yn de sleat bedarre òf op it skoalledak kaam. Wat soe it dochs moai wêze as der in fuotbalkoai kaam! Dat idee is ein april al realisearre. Der is in stikje snippergrûn by it plein lutsen en der koe in traapfjildsje komme fan 10 by 20 meter. 18 Mandeguod
21 Online Touch Home