Spekulaasaksje en ferslach reis nei Hongarije As jimme dit lêze hawwe wy wierskynlik al oan de doar west mei de jierlikse spekulaasaksje. Wat letter as gewoanwei hawwe wy dit jier nei Hongarije west foar de stichting It Tsjinsthûs. Hjirûnder it ferslach. nyírbéltek Noch net earder wiene we sa let yn it jier om de doazen yn Hongarije rûn te bringen. We kamen oan op 1 novimber, Allerheiligen. Yn Hongarije is dat in feestdei, dus alle winkels wiene ticht. Omdat 1 novimber op in tongersdei falt dit jier, hawwe in soad Hongaren in lang wykein. Pech foar ús, want as wy freed yn Nyíregyháza binne docht bliken dat de ferhierder fan de karre ticht is o/m snein 4 novimber. Sykje nei in nij adres dus. Werom yn Kisléta komme wy derachter dat ek de minsken op kantoar allegearre frij hawwe. Dan earst mar de 616 doazen sortearje. Under it iten treffe wy dêr lokkich ús ‘handyman’ Peter. Hy bellet foar ús in bekende dy’t in karre hat. Spitigernôch is dy te lyts. Op nei it folgjende adres. Dêr stiet in moaie grutte tichte karre. Mar dan komt altyd it spannende momint: dogge de ljochten it ek? Alles wurket mei útsûndering fan de remljochten. Nei in soad gepiel is it nei twa oeren dan dochs klear. It is al tsjuster as wy weromride nei ús hotel. Wy komme by in begraafplak del. Wat in bysûnder gesicht, al dy ljochtsjes dy’t brâne yn it tsjuster. Nei in frij wykein mei prachtich hjerstwaar kinne wy dan moandei los. De earste lading doazen giet nei Nyírbéltek (opfang psychiatryske pasjinten). Se binne hjir drok dwaande mei in ferbouwing. It gebou wurdt isolearre, der komme nije ramen, doarren en in brântrep. De direktrise sit siik thús, dus prate wy mei de froulju fan de administraasje. Se hawwe in soad gedoch mei wurkleazen dy’t ferplicht by harren oan it wurk moatte, mar neat dogge. Middeis ride wy nei Matészalka (opfangtehûs foar bern) dêr’t se, wat in ferrassing, ús mailtsje net krigen hawwe. Der wurde gau wat bern optrommele om te helpen mei it útladen. Op it terrein steane meardere lytse wenningen. It is de bedoeling dat dêr aansen de bern yn komme te wenjen. It grutte gebou wurdt 54 Mandeguod
57 Online Touch Home