50

50 Mandeguod Teake op ‘e praatstoel 16 bern op ien souder Myn heit en mem, Durk en Loltsje, wennen op ‘e Hegedyk oan ‘e ein fan it binnepaad yn it dykshûs fan Pieter Yntes. Pieter Yntes wie widner en ferhierde de helte fan it hûs oan Durk en Loltsje. Heit woe dêr graach hinne, út Mantgum wei, want dan wie er wat tichter by syn wurk op de pleats fan Rutger Fopma. Sa wennen se flak by de pleats en dan koe hy moarns in kertier langer sliepe. It sil om 1935 hinne west ha, want Bettie, myn suster, is yn 1936 dêr berne, neidat broer Folkert yn Mantgum berne is yn 1932. In jier earder wie myn âldste suster Corrie berne yn “de Hang” yn Easterwierrum. Dat hûs waard “de Ald Hang” neamd om’t dêr in ielrikkerij yn siet doe’t de Middelsee noch see wie. Yn 1960 is it ôfbrutsen, mar noch altyd is it plakje te werkennen oan ‘e rychjes beammen krekt bûten Easterwierrum oan de linkerkant fan ‘e dyk nei Boazum ta. Yn it boek “De Greidhoeke’ fan Philippus Breuker út Boazum kin men dat lêze. Dit ferhaaltsje oer earder tiden moast earst efkes ferteld wurde om wat yn ‘e sfear ‘fan doe’ te kommen. Yn dy tiid wie it klearebarre earmoede want de beurskrach hie west en it libben wie skrabjen om ‘e kant om wat knap troch de tiid te kommen. De molkepriis wie histoarysk leech en dus wie it foar de boerearbeiders ek in drege tiid. Ek by boer Rutger Fopma wiene it minne tiden. En dêr kaam noch in gruttere ramp oerhinne: nei in longûntstekking ferstoar de boerinne fjirtjin dagen letter. Harren 8ste bern wie in poppe fan krekt 3 moanne âld. It leed wie net te oersjen en der wie hast net oan help te kommen doe. Myn mem koe sa no en dan byspringe en de âldste bern holpen fansels ek mei om de húshâlding ‘draaiende’ te hâlden. Yn Mantgum wie dit lykwols net de iennige ramp dy’t him foardie: by Loltsje en Jehannes de Boer die him ek in ‘ramp’ foar. Jehannes en Loltsje hiene ek 8 bern en wennen yn in pleatske dat út 2 wendielen bestie: yn de iene helte wenne de eigener-boer mei syn húshâlding en yn de oare, lytsere, helte Jehannes de Boer mei syn frou Loltsje en harren 8 bern. Jehannes die los/fêst wurk yn de agraryske sektor. Mar op in kweade dei sette er ôf en hy wie fuort, echt fuort, en hy kaam net werom by Loltsje en de bern. Hy liet har sitte mei 8 bern.

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication