60 Mandeguod Wat hinget der by my oan ‘e muorre? Op in feestje komt Roelie by my om te freegjen oft ik ek meidwaan wol mei “Wat hinget der by dy oan de muorre?” Ja, is goed, en dan moat it ek barre! Wat skriuwst op yn sa ’n ferhaaltsje? By my hinget sûnt de ôfrûne Sinteklaas in triedleaze stofsûger oan ‘e muorre. Dizze ha ik krigen fan Piet Jesse. In pear dagen dêrfoar kaam Jesse mei de fraach oft der ek Sinteklaas fierd waard dit jier. “No nee, meastal bist net thús, dus nee, ik tink it net.” Hy hie der dochs wol sin oan, even lekker ite, Beppe derby. No hie ik net folle tiid, mar ik ha op moandeitemoarn wat iten yninoar flânse en doe nei myn wurk, en op ‘e weromreis in pear aardichheidsjes helle. It iten wie lekker en gesellich. En doe kaam de fraach oft ik noch even yn it hok sjen woe! En ja, in grut pakket! En dat hinget no dus oan de muorre. Fierder twa seefdrukken fan Herman Brood. “Family affairs”, hat Jan fan my krigen. Ik fyn it ien fan de moaiste wurken fan Herman. Jan hat foarige moanne “Forever Friends” kocht. Dizze lêste hinget yn de gong dy ‘t krekt in bytsje ôfskildere is. Dan noch wat eigen wurk, in skilderijke fan ús grutte freon Bendis. Yn de gong noch in tekening fan Jopie Huisman. Us mem frege oft ik dizze ha woe, net echt in fan fan, mar ek sûnde om him fuort te dwaan.
61 Online Touch Home