16

16 Mandeguod Wat hinget der oan de muorre Wy, Gosse en Dukke van der Ende, ha it stokje oernaam fan Hendrik Grunstra dy’t wy kenne fan kuorbalklub WWC. Yn dizze rubryk “Wat hinget der oan de muorre”, feroarje wy it efkes yn “Wat stiet der tsjin de muorre”. Wat der by ús ûnder de karport tsjin de muorre stiet is de âlde bakfyts fan Gosse syn heit, bakker Ids. De fyts hat yn it ferline altyd tsjinst dien om te suteljen mei bôle yn en om Mantgum. It is wol in fyts mei in ferhaal. Yn de 50er jierren hat bakker Ids de bakkerij oan de Master Jansenstrjitte oernaam fan bakker Venstra. Moarns betiid de bôle bakke, middeis en bytiden jûns mei de fyts en yn de grutte koer, de bôle útsutelje en it bakkersguod ferkeapje. De âld fyts waard ferfongen troch in lichtere nije sutelfyts. De âlde kaam yn it hok te stean. Op in federaasje-keatsparty yn Húns waard de âld fyts ûnder it genot fan in drankje ferkocht. Jierren letter kaam fia fia ris te praat dat de âld bakfyts yn Hoptille stie. Lokkich koene we de fyts mei in dealtsje werom keapje. Wy wiene der bliid mei. Mar ja, wat dogge jo mei sa’n âld fyts. Hy stiet no te pronkjen mei in bak fol blommen ûnder de karport op ‘e His van Botnialeane wêr’t wy no ien jier wenje en sa is de fyts werom yn Mantgum.

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication