4

4 Mandeguod It ferhaal fan Gosse en Dukke oer de âlde bakkersfyts fan Bakker Ids die my tinken oan al dy winkellju dy’t eartiids yn Mantgum troch de tiid komme moasten. Mei soms oan de iene kant ek noch konkurrinsje, want tsjintwurdich tinke je fansels al gau: hoe koene der eartiids bygelyks twa bakkers bestean yn sa’n gat as Mantgum mei kwalik 400 minsken? It sil ek de loyaliteit fan de doarpsbewenners west ha dy’t dizze winkellju op fuotten hold. Je kochten ommers op tiisdeis fan de iene bakker dy’t oan de doar kaam en op freeds fan de oare bakker. Boppedat hiene beide bakkers faak harren eigen spesjaliteit. It brea fan bakker Ids eksportearden wy bygelyks destiids geregeld nei Ingelân ta as wy op famyljebesite gongen – foar skoanheit. En dan hiest net sa’n kreas ynpakt pakje mei snijde stikjes, nee, dan hiest in echte hompe roggebrea yn hannen, fan sa’n 20 by 12 sm, yn in los stikje papier. Bakker Ids syn spesjaliteit – ferneamd oant yn Ingelân ta! Mar it wie fansels foar de measte winkellju hurd wurkjen foar har brea. Boppedat hiest faak ek minsken dy’t út need in winkeltsje begongen. Foar in frou dy’t widdo waard wie ien fan de opsjes om wat te ferstjinjen it opsetten fan in winkeltsje – hja waarden wol ris ‘de koffie- en theeweduwen’ neamd. Want dat hiene hja dan faak as hannel: kofje, tee, wat tabaksboel, en noch wat oare artikels miskien, mar in grut assortimint hiene hja faak net, it moast ommers ek yn in bedsteekast passe – mear opslachromte wie der gewoanwei net. Yn it hûs oan de Master Jansenstrjitte nûmer 8 (dêr’t no Michel en Akky wenje, eartiids it lêste hûs oan dy strjite) wenne yn de earste helte fan de foarige iuw widdo Feikje. Doe in ‘twa-ûnder-ien-kap’: twa húshâldingen wennen yn it foarste part fan it tsjintwurdige hûs. Mear wie it ek net. Feik wie al jierren widdo, en ja, hja ferkocht ek it kofje-, tee- en takbaksassortimint. Prakkesaasjes fan de redaksje

5 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication