16

16 Mandeguod Natoerbehear yn 2023 Oan it paadsje njonken ús hûs stiet in grutte dennebeam. Dy beam is foar de hoarn-ûle-populaasje fan Mantgum in saneamd roestplak; bytiden sitte der wol achttsjin yn. Ast nei boppen sjochtst, sjochtst se sitten en hoechst winliken net nei boppen te sjen, want witst al dat se der binne: dan leit it paadsje besaaid mei stront en “braakballen” (is dêr ek in Frysk wurd foar? Spuiballen?) en moatst der omhinne of oerhinne stappe om ’e soalen fan ’e skuon wat skjin te hâlden. Mar wat soe it? It binne moaie fûgels en boppedat: se binne beskerme! Ja, se kinne wolris wat raze, jûns, mar it is natoer, hin? Fannemoarn stie de heechwurker fan ’e gemeente by it parkearplak by de tsjerke. It die bliken: dit wie it gemeentlike natoerbehear, der wie klage oer oerlêst fan… roeken en mei dizze heechwurker en in lange stôk koe de oerlêst foarkommen wurde. Mei in pear fikse ramen tusken de tûken troch waard de roekekreamkeamer yn in pear tellen sloopt, wylst de bistkes sels der wat wanhopich omhinne fleagen en krasten. Mei in bytsje fantasy koe men dit in abortus neame, fan gemeentewegen. Nee, de man mei de stôk koe net yn it nêst sjen oft der ek aaien yn leine, hy koe der allinne mar fan ûnderen tsjinoan rame, de tûken om it nêst hinne makken it de heechwurkman net maklik. Ik haw der in skoftsje nei stien te sjen, ik moast ek wol want ik koe de auto net kwyt, de heechwurker stie yn’t paad. Ach, de mannen dogge har wurk, se fiere belied út en yn dit mei regels tichttimmere lân heart dit der dus by: der hawwe wat minsken klage oer lawaai en fallende fûgelstront en dan komt de gemeente. It is och sa dûbel: roeken binne beskerme fûgels, mar beskerme fûgels krije fan ’e gemeente gjin fergunning en bou harren nêst yn ’e monumentale Mantgumer beammen, want dat jout oerlêst en ek beskerme fûgels meie in oar net ta lêst wêze. Sadwaande komt de gemeente, nei de earste klachten yn ’e maaitiid, mei grut geskut opsetten en dat is machtich om te sjen! Want dy fûgels binne ek net gek, se komme hyltiten wer werom en de gemeente moat alles ynskeakelje om dy bistkes te ferdriuwen rjochting Skillaerder tsjerkhôf of rjochting beammen lâns It Bosk. Dêr hat nimmen lêst fan dy fûgels, de deaden kleie net en lâns It Bosk steane gjin djoere huzen mei kleiende minsken. De minske hat altiten tige finingryk west as it giet om it narjen fan oaren, de gemeente lit de roeken skrikke mei

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication