Mei 2023 57 Wat hinget der by ús oan de muorre? Yn de âlde keuken hinget in (kopy) fan de blaudruk fan ús hûs. It oarspronklike ûntwerp is yn 1910 makke troch âld Mantgumer Doeke Meintema. Moai om te sjen hoe’t de yndieling wie en hoe’t it feroare is troch de jierren hinne. Dan ha wy yn de opkeamer in âlde kaart fan Baarderadiel hingjen, út 1664. Doe’t wy hjir krekt wennen ha wy dizze op Marktplaats fûn. By ús yn de gong hinget in âld reklameboerd fan ‘Ruiter schaatsen fabriek’ út Akkrum, de fabryk dy’t fan Ydwine har pake west hat. Dêrneist in gedicht fan Skillaerd. Dit ha wy krigen fan Ydwine har âlden. It is makke foar âld boargemaster Oldenziel dy’t yn Mantgum wenne en graach nei Skillaerd te rinnen gong mei syn hûn. →
58 Online Touch Home