6 Mandeguod In memoriam – Teake Oosterbos Teake is net mear… Wat mocht er graach sjonge, toanielspylje, fiskje, timmerje, mar ek: ferhalen fertelle! En dat lêste die hy de ôfrûne tiid geregeld foar Mandeguod. Hy levere ferhalen oer eartiids, mei humor en byldzjend taalgebrûk. Teake hie al oankundige dat it ferhaal der’t hy mei oan ‘e gong wie yn it maaienûmer komme moast. Want maaie is de tiid fan it betinken fan oarloch en it fieren fan frijheid. It stik dat hy optekene spile him goed hûndert jier lyn ôf en it hie sikerwier oerienkomsten mei de tsjintwurdige tiid: it ferhaal giet nammentlik oer Berduszek, in Poalske flechtling, dy’t yn de earste wrâldoarloch foar Ruslân op de flecht moast. We hiene Teake al tasein dat syn ferhaal yn it maaienûmer opnommen wurde soe, mar we hiene net betinke kind dat dit ferhaal postúm publisearre wurde soe. De redaksje fan Mandeguod. Teake op de praatstoel Massyf ikenhout Dit ferhaal giet oer it libben èn de dea fan Reinhold Edmund Berduszek. Hy waard op 30 april 1894 berne yn Lódz, Poalen. Yn dy tiid wie Lódz ûnderdiel fan it Russyske tsareryk. Reinhold Berduszek wie in slimme knaap, dat hy studearre foar yngenieur. Mar doe’t hy in jier as 20 wie, briek de 1e wrâldkriich út (1914) en moast er as soldaat tsjinje yn it Russyske leger. Hy is doe by de slach om Lódz troch de Dútsers kriichsfinzen naam en waard nei in gefangenkamp yn Keulen brocht. It slagge him om mei in pear maten te ûntsnappen en se binne doe, reizgjend yn de nacht, nei Nederlân rûn, wittende dat Nederlân neutraal wie. Yn 1916 wied er yn Hoensbroek (Limburch) en fan dêr wei is er yn Fryslân telâne
7 Online Touch Home