7

Mei 2023 7 kommen. Hoe en wat is net bekend mar hy wenne even letter yn Ljouwert en dêrnei yn Frjentsjer. Hy wie doe 22 jier, en dêr kaam er yn kontakt mei de huoddemakster Jantsje Hoekstra dy’t yn Frjentsjer wurke. Se trouden yn 1924 en fûnen plak yn Boazum, by Jantsje har âldelju yn. Hy kocht mei help fan skoanheit in loads en starte dêr in ‘fiets- en motorzaal’ oan It Heech (letter siet dêr de garaazje fan Nieuwenhuis yn). Om 1925 hinne ferhuze it gesin nei Mantgum, nei de Skillaerderdyk, nei it lêste hûs tsjin de iisbaan oan. Yn 1926 krigen se in jonkje en yn 1928 in dochterke. Yn it earstoan wurke Reinhold by it PEB, it Provinciaal Electriciteits Bedrijf. De Amerikaanske wynmotors yn dizze omkriten hiene lykwols fakkundich ûnderhâld nedich, dat it bestjoer fan it wetterskip hifke Reinhold Berduszek. Hjir koed er mear fertsjinje èn hy koe syn eigen tiid sels yndiele. Dat hy sei ‘ja’. Fiif Amerikaanske wynmolens hied er yn ûnderhâld en in diselpomp by it swarte hokje op De Him. De boeren wiene wiis mei him, mei syn learen learzens en houten klompen dêroan fêst. Hy wie in kine fint, it Esperanto – dè wrâldtaal fan doe – wie hy ek machtich. Op de muorre fan syn hûs oan de Skillaerderdyk hie hy de fiifpuntige griene stjer op ‘e gevel spikere; dat joech oan dat de bewenner it Esperanto machtich wie. Foar safier’t syn neikommelingen witte hat er nea wer yn Poalen west. Oant 1950 ta wied er steateleas boarger en mocht net stimme. Hy is pas yn 1950 ta Nederlanner naturalisearre. Op 14 oktober 1956 is er nei in skoft siikwêzen stoarn en hy is yn Mantgum op it tsjerkhôf begroeven. Sa’n trije wike dêrfoar hie Jantsje nei de pleatslike timmerman west en hja hie frege oft dy in massyf ikenhouten kiste leverje koe. De timmerman sei dat ta, mar dy kiste soe dan wol wat djoerder wurde. Jantsje gie akkoart. 14 oktober waard de kiste brocht en Reinhold kaam der netsjes yn te lizzen. 3 dagen letter is Reinhold Edmund Berduszek - nei twaris om it tsjerkhôf hinne - netsjes te plak kommen. →

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication