12

Lytse Doarpen Rintocht – in ympresje Ek al soenen de earste rinners pas om klokslach 8 oere út ein sette – fier foar sânen wie it al in drokte fan belang om en yn de Wjukken. Op it plein foar de Wjukken waard in grutte Poiesz­poarte opblaasd as wolkom oan de 1500 kuierders. Yn it gebou wienen ek allegear frijwilligers mei fan alles oan de gong: withoefolle broadsjes smarre, liters en liters kofje en tee klear sette en der soenen ek pannen sop foar tusken de middei klearmakke wurde. Mar alles rûn as in trein. Der wie foar de rinners in moaie S­foarmige rûte útstippele yn de Wjukken: by binnenkomst rjochttroch nei de ynskriuwtafel op ‘e Clincke, dan trepke del nei de middenseal om it fergese bakje kofje of tee, dêrnei om de skowand hinne nei de achterútgong. 12 | Mandeguod mei 2025 Sybrecht en ik (we hiene beide om goed healwei sânen thús de flagge al ophongen) moasten ien fan de twa tafels mei de grutte konteners mei kofje en tee yn de middenseal ‘runne’. Noflik wurk, want it wie ‘zelfbediening’ – de rinners koene sels har bekerke fulle. Dat joech ús de tiid om eefkes de rinners oer te eagjen en in praatsje mei sommigen te meitsjen. De earste ploegen wienen de minsken dy’t 40 kilometer rinne soenen. De ‘echten’ dus, koest faak wol sjen oan de rêchtassen, de bidons, de profesjonele skuon, sommigen mei in soarte fan cowboyhoed op (tsjin de sinne), in pear froulju yn Fryske rokjes en bleate skonken, immen mei in read­wite

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication