13

blinestok, en allegear goed op ’t skik. In pear moai opdofte froulju kamen lâns, dat Sybrecht komplimentearre harren dat se mar kreas yn de ferve sieten. De beide froulju laken fleurich: “Ut mut wel wat like op ônze leeftyd, hè!” Ik bin ek noch net sa goed thús yn it kuierderswrâldsje, want der wienen in stikmannich dy’t in slankje út harren rêchttas stekken hienen. Ik ûnnoazelwei tinke dat se miskien in kwaal oan de luchtwegen hiene, mar ik woe ek net in opmerking meitsje oft se miskien in eintsje ûnder wetter swemme soene mei dat slankje, want je witte mar noait... Mar Sybrecht wist der mear fan: dan kinne se sa út de bidon even wat drinke sûnder dat se ho hoege te hâlden. Aha, al wer wat leard. Nei de 40 kilometerploegen wienen de rinners fan de 25 kilometer oan bar. Dy wienen al aardich relekst – in noflik eintsje rinne fûnen de measten. De hikkesluters wienen de rinners fan de 16 kilometer tocht. Sa’n 90% fan de minsken kaam út Fryslân: Damwâld, de Stellingwerven, Sint Nyk, Snits, mar der wie bygelyks ek in frommeske út Den Helder. Yn allegear ferskillende gearstallings: steltsjes, freondinnen, kollega’s, mar ek in protte → Mandeguod mei 2025 | 13

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication