Nijs van Keatsferiening Jacob Klaver It keatsen is wer los! Yn maart ha we de ALV hân, en is it bestjoer offisjeel oanfolle mei Sybren van der Meer, Nynke Wiedijk-Gierman en mei mysels. No hie ik gjin ambysjes om skriuwster te wurden, mar de skriuwster Anneke hat in prachtige poppe krigen, Jente. Sa nim ik efkes har plak oer, en sil ik besykje jim op de hichte te bringen. It winterseizoen is wer foarby en de moffen kinne wer út de kast helle wurde. Dat is dan ek al dien troch de keatsende bern fan Mantgum. Sa ha se 6 april dwaande west mei grutte ballen, bowlingballen wol te ferstean, yn Ljouwert. In groep fan sa’n 40 bern hawwe oan ‘t bowlen west en de bern út groep 3 en 4 hawwe yn de speelhal west. Dêrnei ha se lekker ôfsluten mei in patatsje yn de Wjukken. Op 7 april stie de earste training op it fjild yn Mantgum op de planning, en wat in entûsjasme by de jeugd, wol 50 bern ha har opjûn om te trainen op it fjild. Mar leafst 8 trainers binne yn ‘t spier om de bern keatse 22 | Mandeguod mei 2025 te litten. Grutte klasse foar Rienk, Klaas, Richard, Rikst, Brian, Tyme, Rianne en Albert! Der wie sels al wat in moffe of wantekrisis, der waarden al wanten ‘stellen’ of omruile. Dus mochten jo noch lytse keatswanten ha, dy’t jo kwyt wolle: lit it ús witte.
23 Online Touch Home