24

24 Mandeguod It Masterstik Tekst: Lys Scarse, foto Piet Douma “… en doe’t ik de dokumentêre foar it earst ôfdraaide, ha ik it byld efkes stil set doe’t ús nammen mei grutte letters foarbykamen: ALBERT JENSMA, ATE DE JONG EN JORRIT MEINSMA. Wol hiel spesjaal dat dyn namme sa grut op it skerm stiet. Dat docht je dochs wat!” ‘Wat foar opkloppe ego is hjir oan it wurd?’ tinkst miskien? Wel, eigenwiis is er perfoarst net, dizze Ate de Jong, en de doku dêr’t er hjir oer praat is de dokumintêre ‘It Masterstik’. Dat is in dokumintêre fan Omrop Fryslân dy’t koartlyn in prestisjeuze Europeeske priis wûn hat – de Circom 2021 yn de kategory muzyk en keunst. In dokumintêre dêr’t de trije mânlju – Albert de regisseur, Ate de sjoernalist en Jorrit de kameraman – mei rjocht en reden grutsk op wêze kinne! De dokumintêre beskriuwt hoe’t byldhouwer Hans Jouta it byld fan fuotballer Johan Cruijff makket, it byld dat op de ein fan de dokumintêre by de Arena yn Amsterdam pleatst wurdt. It baltsje is destiids begûn te rôljen by Ate. Hy wist dat Hans Jouta de opdracht binnen krigen hie om in stânbyld fan Johan Cruijff te meitsjen, en Ate frege him ôf oft Omrop Fryslân dêr ek wat mei dwaan soe. Albert Jensma fan de Omrop frege Ate earst in ferhaal oer Hans te skriuwen – dat ek yn de Moanne publisearre waard – en nei dat ferhaal wie hy om. Jorrit Meinsma woe graach it kamerawurk dwaan – et voilà: de dokumintêre krige oan ‘e hân fan Ate syn ferhaal hannen en fuotten. Ferhalen skriuwe hat altyd Ate syn passy west: as lyts jonkje woe hy al sjoernalist wurde. It begûn dan ek al op de legere skoalle: ferhaaltsjes yn de skoalkrante – mei master Mulder as entûsjaste stimulator. As puber fan in jier as 13, 14, skreaun hy letter stikjes foar de Baerderadielster Krante, en syn offisjele sjoernalistike karrière begûn by de Friese Koerier doe’t er in jier as 19 wie. As jonkje hie Ate stomme graach topkeatser wurde wollen, mar dat siet der spitigernôch net yn. “Mar eins kinne je as sjoernalist folle tichter by je helden komme as yn it gewoane libben,” ferfettet Ate, “want as sjoernalist kinne je topkeatsers en allegear oare bekende minsken foar in ynterview benaderje, en dan sitst opiens face to face mei de minsken dêr’tst oars miskien nea mei praat hiest.” Sa kaam it ek dat er as sjoernalist by de ûntbleating fan it stânbyld fan Hotze Schuil yn de kunde kaam mei byldhouwer Hans Jouta en syn heit. Hy rekke fuort yn de ban fan harren

25 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication