25

juni 2021 25 ynnimmende persoanlikheden, en dat makke ek dat hy by it meitsjen fan it ferhaal oer it stânbyld fan Cruijff fuortendaliks wer de klik mei Hans Jouta hie. Yn de dokumintêre ‘It Masterstik’ folgje Albert, Ate en Jorrit it hiele proses fan it meitsjen fan it byld, ynklusyf alle ups and downs al dy moannen. Yn dy tiid kaam Hans syn heit te ferstjerren; se ha besletten om ek de begraffenis yn de dokumintêre mei te nimmen. Hans waard nammentlik syn hiele libben stipe troch syn heit en tegearre hiene se ek in hiel soad ûndernommen en op tou setten. Hy spile in hiel wichtige en ynspirearjende rol yn Hans syn libben. Ate fûn dêrom dat it der ek by paste en Albert Jensma hat dat op in yntegere wize meinommen. Omrop Fryslân De konneksje mei Albert Jensma wie der lykwols al folle earder. Mei him as regisseur hie Ate trije seizoenen lang ûnder de titel ‘Buorren Twa’ foar Omrop Fryslân petearen mei ferskate minsken holden. Petearen mei bygelyks Foppe de Haan, Mirjam Timmer, Auke de Sloper, Frits Barend en James Squarrosa – de →

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication