26

26 Mandeguod blommekeapman op de freedsmerk dy’t mei de prachtichste ferhalen blommen oan de man brocht. Fia fia komt ús praat op ynspirearjende minsken: in mienskip hoecht soms net iens sa hiel folle minsken te hawwen om saken op tou te setten: in pear aktive yndividuën binne soms al genôch om in hiele mienskip mei te nimmen om meiïnoar wat moais op te setten. “Je kinne mei trije minsken de PC winne, dus dan kinne jo mei trije minsken ek de hiele weareld oan” is Ate syn credo. Der wurde hjir yn it doarp soms ek saken opset troch mar in pear minsken as inisjator, en sjoch hokke aardige aktiviteiten der bytiden út fuortkomme. Der is ek noch in hiel oar ferhaal dat by Ate op de planke leit: de oerfal op it gemeentehûs yn Mantgum. In pear mannen ha yn de oarloch in soad persoansbewizen stellen, mar dat is blykber in histoarje dy’t net yn it Mantgumer ûnthâld hingjen bleaun is. Mar nim mar fan my oan: Ate komt hjir op werom! Sport, sjoernalistyk en sosjalisme rinne as in reade tried troch Ate syn libben – syn heit wie in oertsjûge kommunist, net sa raar dus dat Ate destiids tsjinstwegerer waard. Ek it feit dat hy letter fia syn wurk by it COS, it Centrum voor Ontwikkelingssamenwerking, en it Anty Diskriminaasje Buro as direkteur by Tûmba (it meldpunt foar diskriminaasje yn Ljouwert) telâne kaam, is symboalysk foar hoe’t hy yn it libben stiet. De baan by Tûmba wie in heale baan, en dat joech him de tiid om dêr neist der ek noch in sjoernalistyk libben op nei te hâlden. En ast no tinkst: is dizze Ate deselde as… Ja, kloppet, alle wiken skriuwt hy in stikje yn de Huis aan Huis­krante. Je hoege it net altyd mei him iens te wêzen, mar it binne gewoan hiele aardige stikjes. Net oerslaan, mar lêze! Dizze moanne hie er noch in stikje oer syn nij oantúgd elektroanysk drumstel. Nee, de buorlju heare hielendal neat! Ik moast der ek efkes achter sitten gean om te sjen hoe’t soks giet. No ja, ik bak der dus neat fan, mar Ate wurdt der wer hielendal bliid fan! Weidum En dochs: hoe komt sa’n Weidumer jonkje yn Mantgum telâne? It doarp dêr’t de Weidumers eartiids fan seine dat se der dea net lizze woene? Eins moatst al mear as fjirtich jier tebek gean: yn de jierren 70 hat Ate ek al ris mei freondinne Tineke en harren reade boarre Gijs in jiermannich yn Mantgum wenne, oan de Skillaerderdyk, yn it hûs dêr’t Geart en Marijke no wenje. Ljouwert en Dronryp wiene lettere wenplakken fan Ate, mar no hat er dochs it moaiste plakje fan Mantgum: ien fan de apparteminten boppe it ‘winkelsintrum’. Mei op in pear tellen ôfstân de Poiesz dêr’t er op de earste pear fjouwerkante meters foar al syn

27 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication