26

26 Mandeguod Wat hinget der by dy oan de muorre? In skoftke lyn frege Hilda my oft se it stokje oan my oerdrage koe. Ja, dat kin wol, sei ik entûsjast, mei in skilderij al yn gedachten. dat ik it dan tsjin gjin ien sizze soe. Dat ha’k beloofd. (Pieter Terpstra is in pear jier lyn stoarn, dat ik kin no wol sizze dat hy it makke hat.) Nei oerlis mei en ynstimming fan syn bern, koe ik it foar in skaplik pryske keapje. Samar mei it skilderij ûnder de earm oer de gong en de doar út rinne, koe fansels net, want dan wie der kâns dat oaren it seagen. Wapene mei in grutte boadskippetas ha ik it skilderij mei nei bûten “smokkele”. It hat in moai plakje oan de muorre krigen. Sommige minsken ha in echte Rembrandt oan de muorre hingjen, mar ik ha in echte Pieter Terpstra! Dit skilderij is makke troch in kliënt dy’t wenne hat yn it Soarchsintrum dêr’t ik wurkje (âldereinsoarch yn Makkum). Dizze man, Pieter Terpstra, goed 90 jier, hie eartiids in eigen skildersbedriuw. Yn syn frije tiid hat hy himsels leard om ek portretten, stillevens ensfh. te skilderjen. Ridlik geregeld kaam ik by him. Faaks siet hy dan te skilderjen. Hy makke noch hieltyd hiele moaie skilderijen. Sa moai, dat ik wol ien fan him keapje woe. Dit hie noch wol wat fuotten yn ‘e ierde, want eins die hy dat noait. Hy wie “benaud” dat dan “eltsenien” (lês: alle susters) del komme soe om wat te keapjen. Hy hie wol yn ’e gaten dat ik it serieus miende en ik moast him belove In grutte hobby fan my is lêze. It leafst thrillers, mar ek wierbarde en ynformative boeken. Sa stadichoan ha ik sa’n 500 boeken. Spitigernôch kinne

27 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication