10 Mandeguod Jonge fammen Amarins, Bregt en Jennie skriuwe skiednis, mei flagge en wimpel Tekst: Ate de Jong, foto: Jelmer Jonker It is de 18-de Jong Famme Partij. Hjoed, 3 july 2021, kin it Mantgumer partoer skiednis skriuwe. Nea earder wûn Mantgum har eigen partij, ien fan fjouwer Sulveren Wimpels (by de manlju: Klaverke Fjouwer). Hjoed kin dat barre. Der binne mear kânshawwers, mar Mantgum heart dêr seker by. Amarins de Groot, Bregt Arendz en Jennie Terpstra ferdigenje de kleuren van Jacob Klaver. Foar Jennie Terpstra is ‘t now or never. It oare jier mei se net mear meidwaan. It fjild leit der prachtich by, de begroeting is freonlik, op de list in moai ferhaal fan Aletta van Popta, dy ‘t foarich jier wûn – oan alles kinst sjen dat Jacob Klaver grutsk is op syn Jong Famme Partij en der flyt op docht. De tiid dat Hendrik Jepma it draaiboek foar de Lytse PC op de achterkant fan in sigaredoaske notearde – “Punt 1: De flagge moat op de toer” – leit fier achter ús. Is is in enoarme organisaasje en no mei koroana hielendal. Leafst fyftich frijwillers binne ynskeakele. ”Je hoege se mar te skiljen en dan stean se der,” seit Lyssa van der Ende, de sekretaris fan Jacob Klaver. Mantgum is der klear foar. Mar de earste omloop, tsjin Ried, giet net fansels. Gelokkich, Ried helpt in hantsje mei in foarslach op 32 en 66 en dan stoomt Mantgum troch: 52 en 62. De twadde omloop, tsjin Marsum, hat in selde soarte ferrin. Ek de Marsumers jouwe punten wei, en wichtige. Op 21 en 66 slaan se wol héél fier bûten: 31. De Marsumers komme noch even werom (32), mar dan slacht Mantgum de partij út (52 en 62). Amarins, Bregt en Jennie keatse mei power en plezier. Noch nea earder heard: speaker Jan Geert Nutma winsket de ferliezers, Marsum, yn ’e takomst mear súkses: ”In nij jier, nije kansen.” Achter my beprate twa froulju it libben yn koroanatiid – se hawwe krekt de twadde prik hân. In mem leart har dochter telegrafearjen. Danny Vera sjongt Roller Coaster. En ik sjoch hoe ‘t in keatsoanmerkster nei de bal fljocht, werom drave sil, mar dan sjocht dat de opslachster yn ‘t oare perk har oanrin nimt. Dy lit se keurich foar gean. Dy oanmerkster kin sa as ballefamke nei Wimbledon. Beskermfrou Manon Scheepstra is ek
11 Online Touch Home