11

september 2021 11 arrivearre. Se sjocht in âldere frou, in bekende, makket even kontakt, sjocht har rollator en seit freonlik: “Veel plezier. En als ik even wat voor u moet ophalen...” De tredde omloop, tsjin Makkum, is bloedspannend. De froulju fan Makkum binne fan dy “stille killers,” seit in kenner. Op 1­1 en 6­6 pakke sy mei in prachtige sitbal it spul en se bliuwe foar. Mar Mantgum bliuwt by de les. Op 3­2 en 6­2 foar Makkum is Bregt alert yn it tuskenspul, de twa punten wurde fierd as in boppelach: 3­4 en 6­4. It wurdt 6­6 en der leit in lyts keatske. Dy moat it sterke Mantgumer perk pakke kinne, soene je sizze en dan binne se wer by. It liket in slaanbere bal, mar Jennie mist ‘m. Bliksem, 4­2 achter yn pleats fan trije earsten gelyk. Hjir hiene se de partij ferlieze kinnen en dan hie Jennie fan dy slach noch gauris wekker lein. Mar sy en Amarins sette de turbo oan en yn in omsjoch binne se wer by. En op 4­4 en 6­6 set Jennie even wat rjocht. Ferwoestend slacht se de keats foarby: 5­4 foar Mantgum! Amarins raast it út! Sy en har maten witte: dit is de nekslach foar de Makkumers. Dy krije gjin punt mear: 5­4 en 6­0. Mantgum Sit Yn De Finale! Ien kear earder yn de achttjin edysjes fan de Jong Famme partij is dat bard, mar doe ferlear Mantgum. As Mantgum no wint dan skriuwe Amarins, Bregt en Jennie histoarje. En elk wit: it kin! Dat geloof groeit by de measten fan de 150 minsken om it fjild hinne. “Omloop na omloop tekende een steeds duidelijker wordend droomscenario zich af voor het publiek,” skriuwt de ferslachjouwer fan Ljouwerter Krante dy jûn. “Zou Mantgum wellicht zelf het winnende partuur leveren bij deze prestigieuze wedstrijd? Het ging van ‘zou mooi zijn’ langzaam naar ‘het zou best eens →

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication