22

22 Mandeguod De mouwen omheech Update Plan Boppeslach Nei it geweldige nijs dat Plan Boppeslach beleanne wie mei in Europese Leader Pop3 subsydzje fan € 150.000 wiene we út ‘e skroeven. Op 9 july ha we it moaie nijs dield mei alle (sport)ferieningen en harren meinommen yn de plannen. De ferieningen wienen unanym: machtich moai plan, moat altyd trochgean! Mei ús allen de skouders der ûnder en de mouwen omheech. Op sneon 10 july wie it hiele doarp útnoege foar in lyts feestje en de presintaasje fan de plannen. (sjoch ferslach fan Wytske Vermeulen Anema). Nei dizze twa moaie dagen mei in soad positive reaksjes út it doarp, stiene we ek al gau wer mei beide fuotten op ’e grûn want dizze subsydzje wie machtich moai, mar by lange nei net genôch om it plan út te fieren. De ôfrûne moannen ha we dan ek hiel drok dwaande west mei it oanfreegjen fan mear subsydzjes en fûnsen. It iene fûns is wat makliker oan te freegjen as it oare. En je moatte foaral in soad geduld ha, want in tasizzing (of ôfwizing) lit faak in pear moanne op him wachtsje. Sportakkoard Ljouwert wie rap en kaam mei in bedrach fan € 12.500 oer de brêge as bydrage foar de beweechtún. Dat makke dat we oer de helte binne! Wurkgroepen Plan Boppeslach is foaral in plan mei elkoar en foar elkoar en it is dan ek prachtich om te sjen dat de Mantgumers dat ek sa fiele. Der stiene samar 60 nammen op de listen om frijwilligerswurk foar Plan Boppeslach te dwaan. De wurkgroepen “kommunikaasje”, “Doarpsaksjes” en “werving frijwilligers” is al drok oan de slach. Ynkoarten mear hjiroer. Wolle jo ek wat dwaan yn it plan (dat kin fan sopsiede oant snoeie en fan timmerje oant kofjeskinke) stjoer dan in mailtsje nei boppeslach@wjukken.nl of sjit efkes ien fan it projektteam oan. De útfiering De tekening foar fase 1 leit mominteel by de gemeente Ljouwert (eigener fan it baggerdepot). We ferwachtsje dêr ynkoarten in positive reaksje op sadat yn it neijier de kraan oan ’e slach kin mei it grûnwurk. Ek leit de oanlis fan de beweechtún ein dit jier/begjin takom jier yn de planning.

23 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication