60

60 Mandeguod De measte doarpsgenoaten hawwe op dat stuit al wolris heard of lêzen oer plan Boppeslach; it plan dat as doel hat om mei en foar Mantgumers it terrein om de Wjukken hinne op te knappen. Mar mear as dat der in moai plan wie, witte de measten dan noch net. Der wiene dêrom in soad doarpsgenoaten dy’t op 10 july nei it sportfjild kamen, benijd nei wat ús doarp te wachtsjen stiet. It docht bliken dat efter de skermen hiel hurd wurke is troch inkele doarpsgenoaten om de plannen foar plan Boppeslach, yn gearwurking mei de ferieningen fan ús doarp, foarm te jaan. Der is in globaal plan makke en dit wurdt presintearre troch de projektgroep dy’t bestiet út Jant van Dijk, Karin van Beest, Baukje Stienstra, Korrie Dijkstra en Jelmer Jonker. Der is dizze dei in rûnlieding lâns alle plannen dy’t makke binne. Bern en folwoeksenen krije sa ynsjoch yn de plannen en meie nei ôfrin fan de rûnlieding hjir op reagearje troch yn gesprek te gean of in briefke mei suggestjes yn te foljen. Bern meie dit dwaan troch in boas of in bliere smiley te jaan oan de plannen. Der wiene in soad bliere smileys te finen yn de ideeënbrievebus! Yn it plan dat der no leit, sil it baggerdepot oan de râne fan it doap omtovere wurde yn in rekreaasjegebiet

61 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication