66

66 Mandeguod Wat hinget der by dy oan ‘e muorre? By ús oan de muorre kin in hiel soad hingje. Oan opperflakte gjin gebrek. Dat ha je mei in hûs dat as plysjeburo boud is en wêr’t letter de fytsewinkel fan Bram Brouwer en in architekteburo yn sitten hawwe. At minsken ús freegje wêr’t we wenje en wy boppesteande sizze dan krije we faak te hearren: ‘Ooo, ik tocht dat it no in wenfoarm wie’. Hielendal raar is dat ek net want soms wenje Geert en ik (Jantsje) d’r tegearre, soms mei ús trijen, faak mei ús fjouweren, soms mei ús fiven, soms mei ús seizen en soms ek mei ús sânen. Dat krij je mei fjouwer bern en oanhang. Boppedat hat ús âldste soan in ferstanlike beheining en is om ’e wike it wykein thús. Dus ja, dat kinne je wol in wenfoarm neame. En dan spane d’r ek noch ús twa hûnen (Jetske fan 15 jier en Melle fan 5 moanne) en soms trije hûnen, trije katten en trije hinnen om. Mar no efkes oer wat d’r by ús oan de muorre hinget. De skiednis fan it hûs sprekt ús oan en dêrom woene we dat ek graach sjen litte yn ús hûs. Dat hawwe we dien troch foarwerpen op te hingjen dy’t te krijen hawwe mei de funksje dy’t it gebou troch de jierren hân hat. Jim kinne it sjen op de foto: in plysjepet, in poster fan in racefyts, en in tekening fan it plysjeburo en de tsjinstwenningen makke troch in architekt. Dit hinget by ús yn de lange gong en faak steane we der mei minsken efkes nei te sjen en hawwe it d’r wer efkes oer. Boppedat sitte beide sellen – wer fan ien yn orizjinele steat – der noch yn. Ek sa leuk. In betonnen bêd, taffeltsje en stuoltsje, it húske (wc) yn’e hoeke en in bel. Mei dat beltsje koe de finzene nachts mei de wachtsjef, yn de tsjinstwenning nêst it plysjeburo, kontakt meitsje at d’r wat wie. Geert syn grutte hobby is blaasmuzyk en dan foaral fanfaremuzyk. Sa is hy al ryklik 12 jier lid fan fanfare Ons Ideaal

67 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication